Oerlis:Galysje (East-Europa)

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@RomkeHoekstra: Goeiemiddei. "Sintraal-Europa"? Dit is dochs grif East-Jeropa soe ik sizze. Sjoch de kaartsjes op 'e side Sintraal-Jeropa. Dêr is dúdlik te sjen dat Galysje foar it oergrutte part bûten Sintraal-Jeropa falt. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 jul 2023, 12.27 (CEST)[beäntwurdzje]

@Ieneach fan 'e Esk: No, dat bin ik net hielendal mei jo iens. Yn de tekst fan it artikel oer Sintraal-Jeropa stiet: "De neikommende lannen of gebieten fan lannen wurde om histoaryske en kultuerele redenen ek wol ta Sintraal-Jeropa rekkene" en dan folget in rychje lannen, wêrûnder ek de Oekraïne (de Oblast Zakarpattia en eardere Galysyske gebieten).--RomkeHoekstra (oerlis) 14 jul 2023, 22.09 (CEST)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra: Jo hawwe gelyk dat it dêr stiet, ik hie de tekst net lêzen. Mar sa stiet it net op 'e lânkaartsjes oanjûn. En ik soe lykfol hokker diel fan 'e Oekraïne nea as Sintraal-Jeropa oantsjutte. Neffens my moat dit echt East-Jeropa wêze. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 jul 2023, 22.18 (CEST)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk: Ik makket my fierder net in soad út. It gebiet leit op de grins en it gie my der allinne om it te ûnderskieden fan it Spaanske Galysje. Dus ik feroarje de titel. Mar ik tink wol dat de tekst yn Sintraal-Jeropa dan ek wat oanpast wurde moat.--RomkeHoekstra (oerlis) 15 jul 2023, 08.50 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik besocht de namme te wizigjen mar dat slagge net. Ik krige de melding: A redirect already exists at Galysje (East-Europa), and it cannot be deleted automatically. Please choose another name.--RomkeHoekstra (oerlis) 15 jul 2023, 08.54 (CEST)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra: Ja, sorry, dat docht it systeem soms as der al in trochwizing bestiet, en dy haw ik juster oanmakke sadat alle keppelings nei dit gebiet yn elts gefal hjir útkomme. Yn myn beleving bestiet Sintraal-Jeropa út Dútslân, Switserlân, Eastenryk, Lychtenstein, Tsjechje en Sloveenje, en hearre Poalen, Slowakije en Hongarije al ta East-Jeropa. Mar dêr bin ik blykber mis mei. Ik haw fan 'e moarn de side oer Sintraal-Jeropa op en: ris even troch west, en dan sjogge je dêr in kaartegalery mei alderhanne ferskillende definysjes fan dit gebiet. Poalen, Slowakije en Hongarije wurde frijwol altyd wól meirekkene. Galysje soms. Ik haw sels de yndruk dat dat allinne mar sa is om't it histoarysk sjoen ta Eastenryk-Hongarije heard hat, dat wol dúdlik in Sintraaljeropeesk lân wie, en ta it Poalen fan tusken de beide wrâldoarloggen, wêrfan't de grinzen folle fierder eastlik leine. Yn elts gefal tink ik dat dizze side better omneamd wurde kin, net om myn gelyk te heljen, mar om't Galysje in rânegebiet liket te wêzen dat soms ta Sintraal-, mar faker ta East-Jeropa rekkene wurdt. Jo hawwe gelyk dat de tekst fan 'e side Sintraal-Jeropa dan oanpast wurde moat. Ik sil dêr ris nei sjen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 jul 2023, 11.55 (CEST)[beäntwurdzje]