Springe nei ynhâld

Oerlis:Fingaalsk

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Fingal leit yn grêfskip Fingal, soe ik sizze: de grêfskip Dublin dêr't hjir oer skreaun wurdt is der net mear. Mar is der in grûn om Fingal te beskriuwen op de side oer it Fingaalsk, yn stee fan op in side Fingal? Mysha (oerlis)

Doe't it Fingaalsk sprutsen waard, foar 1850, wie dat yn it greefskip Dublin; it greefskip Fingal bestie doe noch net. Mar jo hawwe gelyk, ik sil it wat dúdliker omskriuwe. Jo oare punt bin ik it lykwols net mei iens. Fingal wurdt yn dit artikel hielendal net beskreaun; omdat it no ienris it taalgebiet fan it Fingaalsk wie, wurdt yn trije rigels hiel summier oanjûn wêr't it leit en wêr't de namme (en dus ek dy fan it Fingaalsk sels) weikomt. Dat is dus ynformaasje oer it Fingaalsk dy't hjir net ûntbrekke mei, tinkt my. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 29 okt 2015, 14.23 (CET)[beäntwurdzje]
Ik hie it ek wat koart opskreaun om't ik it net oan tiid hie.
Nee, dat oer it beskriuwen sjoch ik oars. Dat ynformaasje yn in oar artikel duplisearre wurdt foar beskikberens, dan is de ynstek fan in papieren ensyklopedy. Yn in wiki kin immen dy't dy ynformaasje hawwe wolle de keppeling brûke. Dat hat foardielen:
  • Der gjin ynformaasje op de side dy't eins net by it ûnderwerp heart. Foarbyld: "Fine Gall" binne gjin Fingaalske wurden.
Nee, mar it is wol wêr't it wurd "Fingaalsk" wei komt. Boppedat betsjut "Fine Gall" "gebiet fan bûtenlanners", en it soe logysk wêze om oan te nimmen dat dat ferwiist nei dy Aldingelsen dy't har dêr yn 1169 nei wenjen set hawwe, mar dat blykt net sa te wêzen: it is in âldere namme dy't dernei ferwiist dat der yn itselde gebiet earder al Wytsingen taholden. Ik fyn dat dizze side by útstek it plak is om dat even út te lizzen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 nov 2015, 15.59 (CET)[beäntwurdzje]
Ik wit it net. Om't it net de taal fan de frjemden is, nim ik oan dat it de taal út Fingal is. Dát koe eksplisyt, mar dat dogge wy Poalsk ek net. En it komôf fan de namme Poalen stiet ek net by de taal. Mysha (oerlis)
  • De ynformaasje ek wier beskikber by it krekte ûnderwerp. Foabyld: Wy hawwe no ynformaasje oer Fingal, mar it stiet net op Fingal.
Hjir wurde wy it net oer iens, wol 'k leauwe. Yn it foarste plak bin ik it folslein mei jo ûniens dat dit ynformaasje oer Fingal is: it hat folle mear te krijen mei it Fingaalsk. Mar los dêrfan, as je alhiel gjin ynformaasje mear jaan meie oer nau besibbe ûnderwerpen, dan wurde Wikipedy-artikels folslein ûnbegryplik. Sels ergerje ik my der altyd oan dat wat jo wolle op 'e Ingelske wikipedy faak dien wurdt. Dan lêze je bgl. in biografy en dan stiet der fan "dêr krige er foar it earst gedoente mei dy-en-dy", wêrby't dan inkeld in namme jûn wurdt. Set der dan even by fan "dêr krige er foar it earst gedoente mei de bekende fotograaf dy-en-dy", oars moatst wer spesjaal trochlinke om te sjen wa't dat is en dan bist hielendal de tried fan it ferhaal kwyt. Yn 'e Fryske Wikipedy, dêr't in protte siden dêr't by soks nei trochlinkt wurde moatte soe, gewoan noch net besteane, is it net allinnich ûnhândich en yrritant, mar ek gewoan ûnmooglik. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 nov 2015, 15.59 (CET)[beäntwurdzje]
Dat fotograaf is net oars as regio. Mar fan dy fotograaf sizze wy ek net wêr't er berne is of wat syn namme betsjut. Mysha (oerlis)
  • Der is gjin duplikaasje fan ynformaasje, dat der komme gjin ferskillen by oanpassingen op ien stee. Foarbyld: At de trije wer gearfoegd wurde soenen ta Grêfskip Dublin, hoecht it net ek oanpast te wurden op is side oer it Fingaalsk.
Ja, sa ken ik der noch wol ien. Dat soe wol handich wêze, dat bin ik mei jo iens, mar sa't ik hjirboppe al útlein haw, wurdt de Wikipedy ûnlêsber as soks rigoereus trochfierd wurde soe. Nim de gemeentlike weryndieling yn Fryslân. As jo jo sin krigen, dan soene wy by de doarpen net mear oanjaan kinne yn hokker gemeente oft se lizze. Dat kin fansels net, dus as der wat feroaret, moatte wy mar even neitinke wat der oanpast wurde moat en wat mear war dwaan. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 nov 2015, 15.59 (CET)[beäntwurdzje]
Ik haw gjin idee wêrom wy fan 'e doarpen net sizze kinne wêr't dy lizze, dat ik nim oan dat ik hjir wat mis. Wy sizze fan de taal ek wêr at dy sprutsen waard. Wat wy net dogge is by Ysbrechtum te skriuwen oer hoe't Wymbrits krekt ûntstien is, ensafh. Mysha (oerlis)
Ik wit it, ik bin wat in fakidioat wat dit oanbelanget, mar ik wit gewoan dat der dúdlike foardielen binne. Hawar, foar no kopiearje ik wat wy hjir hawwe nei de side apart. Mysha (oerlis)
Dat stiet jo frij, mar nei myn miening foeget it neat ta, om't dizze ynformaasje mar sydlings oer Fingal giet en mar ien lyts aspekt fan 'e taalkundige skiednis fan dat gebiet beljochtet. Folle wichtiger foar in artikel oer geografy binne saken as algemiene skiednis, bestjoerlike skiednis, ynwennertal, oerflak, ensfh. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 nov 2015, 15.59 (CET)[beäntwurdzje]
Fiel jo frij. No't der in side is, kin der oan tafoegd wurde. Mysha (oerlis)

Jo hawwe gelyk, Mysha, hjir wurde wy it nei alle gedachten net oer iens. Mar dat hoecht lokkigernôch ek net, want as dàt it kritearium wie foar it skriuwen fan in artikel (dat iderien it oeral oer iens wêze moast), dan koene wy fansels wol ophâlde mei de Wikipedy. Litte we mar sizze dat we it iens binne dat we it ûniens binne, en der ein oan breidzje. Groetnis, Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 11 nov 2015, 16.25 (CET)[beäntwurdzje]