Oerlis:Earesburch
Appearance
Ik haw in probleem mei dizze ferfrysking: de Fryske stavering soe 'Earesburch' wêze moatte, want de klam falt neffens my op it earste wurdlid. Oars kinne we it better yn it Dútsk stean litte as 'Eresburg'. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 25 aug 2018, 23.36 (CEST)
- Tsja, dat is ek wier. Ik hie yn in eardere ferwizing dêrta sjoen yn begelyks Saksekriich dêr't ek "Eresburch" stie en hie der fierder net oar nei tocht. Hokker foarm soene wy no brûke moatte? "Earesburch" of "Eresburg" dy oare wikipedys ek brûke.Kneppelfreed (oerlis) 26 aug 2018, 01.08 (CEST)
- @Kneppelfreed: It is in krite, lês ik yn jo tekst. As it in doarp/stêd wie, soe ik sizze, hâldt de Dútske foarm mar oan, mar foar in grutter gebiet is faaks in ferfrysking better. 'Earesburch' dan mar? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 aug 2018, 15.12 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk: It giet om in âlde boarch of fersterke fêsting fan de âlde Saksen op de top fan in berch, of leaver sein in heuvel. Ja wy kinne it wol feroarje ta Earesburch. Kneppelfreed (oerlis) 28 aug 2018, 21.54 (CEST)
- @Kneppelfreed: O. Dan bin ik op 'e doele brocht troch jo gebrûk fan it wurd 'gebiet' yn 'e earste sin fan 'e ynlieding. As it de top fan in heuvel is, is 'gebiet' dan wol it juste wurd? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 aug 2018, 21.57 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk: Der stiet "op it gebiet fan it doarp Obermarsberg ", dat wol sizze op it plak fan it hjoeddeiske doarp Obermarsberg. Miskien soe dat ek oars ferwurde wurde kinne. Kneppelfreed (oerlis) 28 aug 2018, 23.24 (CEST)
- @Kneppelfreed: Ik tink yndie dat it dúdliker is om, sa't jo hjir ek dogge, it wurd 'plak' te brûken ynstee fan 'gebiet'. By gebiet tink ik teminsten daliks oan in gruttere krite as it grûnoerflak dat beset wurdt troch in doarp. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 29 aug 2018, 12.01 (CEST)
- P.S.: Ik haw de side omneamd ta 'Earesburch' en wat it 'gebiet' oangiet, dêr haw ik fan makke "De Earesburch, dêr't hjoed de dei it doarp X leit, ..." Dan wurdt it probleem neffens my hielendal omsyld. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 29 aug 2018, 12.05 (CEST)
- Da's bêst genôch Kneppelfreed (oerlis) 29 aug 2018, 17.01 (CEST)