Springe nei ynhâld

Oerlis:Dykgraaf

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Dykgraaf of dykgreve

[boarne bewurkje]

Goeie meidoggers, Frysker jout foar dijkgraaf "dykgreve". Binne der oare boarnen dy't "dykgraaf" jouwe? Kneppelfreed (oerlis) 24 jul 2024, 18.57 (CEST)[beäntwurdzje]

Ja, it Nederlânsk-Frysk Wurdboek fan Visser op side 147, it Frysk-Nederlânsk Wurdboek fan Zantema op side 177, it Frysk Hânwurdboek op side 305. Net ien fan dizze wurdboeken jout it wurd "dykgreve". Dat is ek logysk, want "greve" is in aadlike titel en "dykgraaf" hat dêr neat mei te krijen, mar is in bestjoerlike funksje yn in wetterskip. Ik nim oan dat it oarspronklik fan it graven (en opsmiten) fan in dyk komt. Ik kin allinne mar oannimme dat Frysker de wurddielen "dyk-" en "-greve" apart fertaald en dan oaninoar plakt. Of der hat wer ris immen sitten te sliepen by de Fryske Akademy. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 24 jul 2024, 19.31 (CEST)[beäntwurdzje]