Springe nei ynhâld

Oerlis:Driuwdong

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@Kneppelfreed: Jarre is in mingsel fan floeibere dong en fêste dong fan bisten. Ik doar der hast net oer te begjinnen om't ik it (wer) net better witte wol as in boeresoan, marre is jarre wol itselde as drijfmest of liqued manure dêr't it artikel oan keppele is? Jarre is yn it Nederlânsk gier. It wurdboek fan J.W Zantema en Taalweb Frysk jouwe ek 'dongjarre' (mengmest). Ik freegje mar neffens myn ferstân. Drewes (oerlis) 18 mrt 2019, 19.12 (CET)[beäntwurdzje]

Neffens dizze boeresoan is jarre it in mingsel fan kowemiich en fêste dong. Ik soe "floeibere dong" hjir ferfange troch "urine". En ik bin it mei Drewes iens dat it oan it artikel gier fan nl: keppele wurde moat. Ik haw ea ris in stik lêzen oer in in standertlist dy't se op it provinsjehûs opsteld hiene mei Fryske oersettings fan Nederlânske termen dy't in soad foarkamen yn beliedsstikken. Drijfmest waard yn dy list oerset as "weake stront", wit ik noch. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 mrt 2019, 19.30 (CET)[beäntwurdzje]
Neffens dizze doarpsjonge dy't yndertiid in soad op it boerehiem omslein hat, is wat er yn de jarrekolk seach dochs oar guod as de dongbrij dy't hjoed-de-dei de grûn ynjage wurdt (en sadwaande 90% fan it boaimlibben deamakket). Drewes (oerlis) 18 mrt 2019, 20.30 (CET)[beäntwurdzje]

@Drewes en Ieneach fan 'e Esk: Jim hawwe folslein gelyk. Ik siet der earst ek oer te prakkesearjen, want jarre is de letterlike fertaling fan nl. "gier". Taalweb jout my gjin Fryske oersetting fan "drijfmest". "Weake stront" docht my mear tinken oan skiterijguod. Doe't eartiids de kij noch yn 't bûthûs stiene, hie men allinne rûge dong, mar doe't se nei in lisboksestâl giene, waard harren miich en stront opfongen yn 'e put en doe hie men dus jarre. Letter nei't men fierder modernisearre, kaam wetter fan bgl. spjillen en skjinmeitsjen fan de melkput en oar wetterôffal ek yn de put telâne en krige men mear "drijfmest" . Yn bgl. Amearika wurdt alle dong en wetterôffal opfongen yn opslach "ponds" of "lagoons", dy't winliken dongfivers binne en de ynhâld hjit "liquid manure". Ik miende dat hjoed-de-dei yn Fryslân noch hieltyd fan "jarre" sprutsen wurd, al is it net alhiel mear it poere mingsel fan "miich en fêste stront". En ik sprek einlings ek mear út persoanlike erfaring. Dus dêrom hie 'k "jarre" foar dit artikel brûkt. Ik bin fan miening om it foarearst mar sa te litten, oant der immen is dy't in bettere omskriuwing fan it guod wit. Wat sizze jim derfan? Kneppelfreed (oerlis) 19 mrt 2019, 04.40 (CET)[beäntwurdzje]

@Drewes en Ieneach fan 'e Esk: Ik hie even te hurd reagearre. Ik seach no pas dat Drewes de oersetting fan "mengmest" op taalweb neamde. Dêr stiet yndie "dongjarre" en "driuwdong". Dus soene we dizze side omneame kinne yn ien fan dy twa. Hokker hat jim foarkar? Dan kin ik letter noch in side meitsje oer gewoane "jarre" dy’t dan keppele wurde kin oan it nl "gier". Kneppelfreed (oerlis) 19 mrt 2019, 17.02 (CET)[beäntwurdzje]

Driuwdong leit it tichst by it moderne drijfmest, is de letterlike oersetting en sil dêrom wol it meast brûkt wurde tink ik. Dongjarre fyn ik oars ek in moaie fynst. Sis it mar. Drewes (oerlis) 19 mrt 2019, 17.39 (CET)[beäntwurdzje]
Dongjarre klinkt my ek wol moai yn 'e earen, mar ik tink driuwdong sil yn dizze tiid mear brûkt wurde dus dan feroarje ik it wol nei driuwdong om by te tiid te bliuwen om sa mar te sizzen. It kin in pear dagen duorje foar't ik it by de ein hawwe kin want ik ha noch wat oare dinkjes by de ein dy’t earst even dien wurde moatte. Kneppelfreed (oerlis) 19 mrt 2019, 19.17 (CET)[beäntwurdzje]
@Kneppelfreed: Buorreplicht. Drewes (oerlis) 19 mrt 2019, 22.40 (CET)[beäntwurdzje]