Oerlis:Donald Trump

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Ik wit net wa't dat stik oer Polityk skreaun hat, mar der klopt in protte net oan. Der sit dúdlik in linkse toan fan ûnjústheden yn.

Flauwe kul. Ik sil net sizze dat der net dingen better oan kinne of dat der net noch dingen oanfolle wurde kinne, mar in 'toan fan ûnjústheden' is gewoan net wier. En der is neat mis mei 'links'. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 jan 2017, 18.57 (CET)

Om mar in pear foarbylden te neamen:

"As syn fise-presidintskandidaat keas Trump Mike Pence út, de aartskonservative en homofobe gûverneur fan Indiana." Wêrom moat de neidruk no wer op homofoob lein wurde? Dat stikje kin wol fuortlitten wurde, want it is hielendal gjin core issue foar dy man. Dêrneist liket it my net dat er eangst foar homo's hat, earder dat er net achter it homohoulik stiet. Homofoob is dan ek de ferkearde beneaming.

Homofoob betsjut letterlik yndie eangst foar homo's, mar der wurdt yn 'e regel mei bedoeld: haat tsjin homo's. Under syn gûverneurskip fan Indiana fierde Pence in wet yn dy't it mei sin mooglik makke foar bedriuwen om tsjinsten oan minsken te wegerjen, inkeld en allinne om't se homo wiene. (Letter hat er ûnder swiere publike druk in klausule tafoegje moatten dy't sokke diskriminaasje ferbiedt.) As dat net homofoob gedrach is, dan wit ik it net mear. Sokke smearlapperij moat men net besykje goed te praten. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 jan 2017, 18.57 (CET)

"De dêropfolgjende kampanje foar de presidintsferkiezings ûntpopte him ta in ordinêrens en in dreksmiterij, benammen fan 'e kant fan Trump" -Binne jim Hillary Clinton har wurden oer Trump supporters mar ek oer Donald Trump self en sa fergetten? De dreksmiterij kaam fan beide kanten, net allinne fan Trump syn kant.

De dreksmiterij kaam foar fierwei it meastepart fan 'e kant fan Trump. As jo miene dat dat net sa is, dan hawwe jo net goed opletten. De iennichste útsjitter fan Hillary Clinton ûnder de hiele kampanje wie dat se de Trump-oanhingers foar de helte in basket of deplorables neamde, frij fertaald: in kuorfol sielepiten. Dat liket my noch in tige mijene beneaming foar lju dy't op ien stimme wolle dy't troch en troch rasistysk en seksistysk is en dy't yn 'e fierste fierte net geskikt is om in supermerk te runnen, lit stean de Feriene Steaten. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 jan 2017, 18.57 (CET)
Praat leaver net oer dingen wêrst gjin ferstân fan hast, rasistysk, seksistysk, altyd itselde ûnnoazele ferhaaltsje wêr gjin harsens fan kloppet. Ik freegje dy net om it mei my iens te wêzen, mar set by it skriuwen fan in side op Wikipedy dy linkse bril leaver ôf. En hâld it by de feiten, want dat dochst hjir ek al net.
Grutte ûnfatsoen. Dat jo my samar begjinne te dookjen makket foar my al dúdlik dat jo fan hûs út gjin manieren leard hawwe. Likegoed noch in pear arguminten: As men seit dat in hiele folksgroep út ferkrêfters bestiet, is men in rasist. Dat is definysje fan rasisme: it hawwen fan foaroardielen oer lju om't se by in beskate groep hearre ynstee fan se as yndividu te behanneljen. As men froulju foar bargen útmakket en der grutsk op is dat men se samar yn it krús gripe kin sûnder dat se dêr wat fan doare te sizzen, dan is men op syn minst in seksist, en ik soe sizze dat dat krúsgripen sterk yn 'e rjochting fan seksuële oantaasting giet. Sokke dingen is gjin diskusje oer mooglik: dat is gewoan sa. Dus ynstee fan sok wangedrach goed te praten, soe ik mar ris by mysels te rie gean as ik jo wie, want as jo miene dat sok hâlden en dragen troch de fingers sjoen wurde kin of normaal is, dan is der wat goed mis mei jo. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 jan 2017, 18.39 (CET)

"Trump hold út dat alle yllegale Latino's yn Noard-Amearika ferkrêfters en moardners wiene" Wat er sei is: "When Mexico sends its people, they're not sending their best. They're not sending you. They're not sending you. They're sending people that have lots of problems, and they're bringing those problems with us. They're bringing drugs. They're bringing crime. They're rapists. And some, I assume, are good people." Dat is hiel wat oars dan dizze Wikipedy side seit. Wat er sein hat is dat der ûnder de minsken dy út Meksiko yllegaal de Feriene Steaten ynkomme in soad tusken sitte dy kriminaliteit meibringe of ferkrêfters binne, en dat der ek guont tusken sitte dy wol goeie bedoelings ha.

No, wat in ferskil, net? Dus it binne hàst allegear moardners en ferkrêfters, mar der sitte grif ek wol in pear goeien tusken. Pfff. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 jan 2017, 18.57 (CET)

"troch de eigenaardichheden fan it Amerikaanske kiesstelsel" Meie minsken sels net mear in miening hjiroer foarmje? Dat de ien it eigenaardich fynt seit net dat in oar it dêrmei iens is.

Fanút Nederlân besjoen is it Amerikaanske kiesstelsel tige eigenaardich. Se neame harsels in demokrasy, mar de kandidaat dy't mei oermacht fan stimmen wûn hat, is de ferliezer. As dat net eigenaardich is, dan wit ik it net mear. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 jan 2017, 18.57 (CET)
It giet net om dyn miening, it giet der om dat it net objektyf is. Der kin better gewoan "Troch it Amearikaanske kiesstelsel" fan makke wurde. Stiet in stik neutraler.
Dat it Amerikaanske kiesstelsel eigenaardich en ûndemokratysk yninoar sit, is gjin miening mar in feit. Dat wurdt sels yn Amearika rûnom erkend. It probleem is dat de partij dy't de ferkiezings wûn hat der nea baat by hat om in heechnedige herfoarming fan it Amerikaanske kiesstelsel troch te fieren. It binne altyd de ferliezers (yn dit gefal de Demokraten, fjouwer jier lyn de Republikeinen) dy't deroer begjinne, mar as se letter sels wer oan 'e macht binne, dan is de motivaasje om it spul by de tiid te bringen fuort. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 jan 2017, 18.39 (CET)

Dit hiele polityk stikje is ien grut moddergoaien tsjin Donald Trump oan en kin better opnei skreaun wurde. By it stikje polityk moatte syn stânpunten en alles te finen wêze, net in stikje linkse anti Trump propaganda. Dêr ha we de mainstream media wol foar, Wikipedy heart neutraal te wêzen.

Ik haw it skreaun sa't it is. Ik kin fan in keutel gjin ealstien meitsje. En ik moat sizze dat ik my noch aardich ynholden haw. As ik hjir skreau sa't ik der wier oer tink, dan soene de minsken noch raar opsjen. Mar dat soe yndie net passe op 'e Wikipedy. As der lju binne dy't miene dat der dingen oanpast wurde moatte, dan stiet har dat frij; dat is it begjinsel fan 'e Wikipedy. Noch al even dit: no wurdt troch dizze anonime kommentator krekt dien as oft der wat mis is mei polityk links te wêzen. Dat is fansels fan de gekke. Hy lit yn dit stikje syn eigen politike foarkarren ek goed blike. Wie eltsenien mar links, dan soe de wrâld der in stik better hinne lizze. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 jan 2017, 18.57 (CET)
Ik haw it artikel nochris goed lêzen. Dat moddersmiten falt wat ta. Oare Wikipedys gjinne yn alle gefallen folle djipper en detailearder yn op syn úterings yn de kampanje en mistannen yn it ferline. Op it punt fan de Latino's is nuansjearring faaks wol op syn plak. It lit dat oan oaren oer mei't ik der te min fan ôf wit. Neffens my is 'eigenaardich' hjir brûkt yn de betsjutting fan 'spesifyk' of 'bysûndere eigenskip'. Drewes (oerlis) 4 jan 2017, 18.10 (CET)
Ik haw homofobe wiske. Drewes (oerlis) 4 jan 2017, 19.40 (CET)
Ieneach fan 'e Esk: At je net witte wêroer je prate, kinne je je better de mûle tichthâlde. Mei it sizzen fan "Ik kin fan in keutel gjin ealstien meitsje" joust al oan datst net objektyf oan 'e gong bist, yts wat wol belangryk is wannear je yts yn in ensyklopedy sette. "Hy lit yn dit stikje syn eigen politike foarkarren ek goed blike. Wie eltsenien mar links, dan soe de wrâld der in stik better hinne lizze." No, tink net dat dat goedkomt mei al dy núvere idealen dy links der op nei hâldt, mar dit giet sa wat te fier fan it ûnderwurp ôf. Ik lit even dúdlik myn politike foarkarren blike omdat dizze side totaal de oare kant út skreaun is. Wie dizze side redelik neutraal west, wie it ek net noadich west. Fierder lit ik it hjir by.
Anonime ûnfatsoen: hâld op mei do en sto tsjin my te sizzen. Dejinge dy't hjir net wit wêr't er it oer hat, dat binne josels. Ik haw fan begjin ôf oan sein dat ik Trump in aaklike naarling fyn, mar op 'e foarside fan dit artikel haw ik in stikje skreaun dat nei myn miening ridlik neutraal is. Dat dêr dingen oan ferbettere, oanpast en oanfolle wurde kinne, leit foar de hân, want dat is it basisprinsipe fan 'e Wikipedy. Mar as jo neat betters ta te foegjen hawwe as dat jo hjir opskreaun hawwe, dan kinne jo it yndie better hjirby litte. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 jan 2017, 18.39 (CET)
Hee anonymke, Drewes probearret te bemiddeljen... --PiefPafPier (oerlis) 11 jan 2017, 19.17 (CET)

Nee Pier. Ik wie net fan doel om skiedsrjochter te wêzen. It is wol goed sa hy 'lit it hjir by'. Drewes (oerlis) 11 jan 2017, 19.42 (CET)