Oerlis:Dollart

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

"Himrik" (yn regel 1) liket my yn dizze kontekst gjin korrekte term ta. Neffens my hat in himrik per definysje mar ien doarp, of eins better sein: in doarp hat in himrik. As der gjin doarp is, kin der ek gjin himrik bestean. Dus in himrik mei ferskate doarpen deryn is neffens my wat dat ûnmooglik is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 nov 2021, 22.16 (CET)[beäntwurdzje]

Jo sille wol gelyk hawwe. Ik sil der oars mar "doarpsgebiet" fan meitsje. Oars wit ik it ek net te omskriuwen.--Kneppelfreed (oerlis) 14 nov 2021, 05.23 (CET)[beäntwurdzje]
Sjoch: Ortsteil. It liket my ta dat buorskip of útbuorren wol kin. Drewes (oerlis) 14 nov 2021, 10.52 (CET)[beäntwurdzje]

Dit giet nammentlik om in Ortschaft en dat is in doarpsgebiet of yn dit gefal in doarpsgebiet mei ferskate doarpen/útbuorrens dat earder in gemeente west hat en letter ta ien doarp omfoarme waard. Dus dêrom kaam ik ynearsten mei himrik op de proppen, mar sa't 1each oanjoech betsjut himrik it doarpsgebiet fan ien doarp, dus sadwaande.--Kneppelfreed (oerlis) 14 nov 2021, 21.38 (CET)[beäntwurdzje]

Ik snap jo redenaasje, mar dit is neffens my dúdlik gjin himrik, teminsten net yn 'e sin sa't dat begryp yn Fryslân brûkt wurdt. Ik kin my net foarstelle dat bgl. It Bilt, in eardere gemeente dy't opgien is yn De Waadhoeke, no as in himrik omskreaun wurde soe. As ik jo wie, soe ik it gewoan yn it Dútsk stean litte, as Ortschaft, en dan eefkes dat koarte stikje fan nl: dêr't jo hjirboppe nei ferwize, oersette ta in lyts artikeltsje yn ús Wikipedy. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 nov 2021, 00.33 (CET)[beäntwurdzje]
Tige tank foar jo oplossing fan dit "probleem". Sil dat dus even dwaan.--Kneppelfreed (oerlis) 15 nov 2021, 01.19 (CET)[beäntwurdzje]