Springe nei ynhâld

Oerlis:Deinumer Rak

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

It is net in kanaal; it is in feart. Mysha (oerlis)

Feart is dochs in synonym fan kanaal? Drewes (oerlis) 2 feb 2018, 16.44 (CET)[beäntwurdzje]
Dat bin ik 100% mei Drewes iens. In feart is in (lytseftich) kanaal. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 feb 2018, 16.14 (CET)[beäntwurdzje]
De namme seit fansels al dat der ferskil is: In feart kin net in streamkanaal wêze; der wurdt op fart. Mar yn it miene: Ik soe sizze dat in kanaal in foarm fan wetterbehersking is; in feart is in wetterferbining. Foar in kanaal foar skipfeart yn in grutte boezem falt dat ferskil fansels wat fuort om't mei de wetterbehearsking op in skipkanaal ek daalks de oare parten fan de boezem regele wurde. Dat, ik kin my der yn fine at in feart beskôge wurdt as in kanaal foar skipfeart dat net fan 'e iene slûs nei de oare rint, of soks. Mar dan komt it der fansels op út dat in feart in kanaal is, mar oarsom net. Dat dan is it Deinumer Rak yndie in Kategory:Kanaal yn Menameradiel, mar it wie persizer en wichtiger en sis: Kategory:Feart yn Menameradiel. Ommers, oars koenen wy alles yn Kategory:Wetter yn Menameradiel smite. Mysha (oerlis)
Strobosser Trekfeart, Amsterdam-Rynkanaal, Drintske Haadfeart, Oranjekanaal, Prinses Margrytkanaal, ensafuorthinne. Kanaal en feart wurde fanâlds trochelkoar brûkt, al as net befearn. Twads, alle wetters yn Nederlân, ek beken, rivieren en marren hawwe in rol yn de wetterbehearsking. Drewes (oerlis) 14 feb 2018, 15.30 (CET)[beäntwurdzje]
Mysha, jo hawwe hjir miskien wol in punt, dêr wol ik ôf wêze, want ik bin gjin ekspêr op it mêd fan wetters en wetterbehear. Mar ik fyn, we moatte it ússels ek wer net te dreech meitsje. Ik bedoel, wa wit no altyd krekt fan in kanaal/feart oft it in skipkanaal of in streamkanaal is? Ikke net, yn elts gefal. Dàt as reäksje op boppesteande. No moat ik mysels even teplak sette, want it folgjende hie ik hjir de foarrige kear al by sette moatten, dan wie dizze hiele diskusje neffens my net nedich west. It Frysk Hânwurdboek jout as betsjutting by it lemma 'kanaal': "keunstmjittige, groeven wetterwei (foar ferkear, ôfwettering of befloeiïng)". En by it lemma 'feart' jout it as betsjutting: "troch minsken oanleine, groeven wetterwei". Dat liket my dúdlik en seker wat de kategory-yndieling oangiet, soe ik in ekstra yndieling yn 'e kategory:feart folslein oerstallich fine.
Jo opmerking dat alle wetters dan wol yn 'e kategory:kanaal smiten wurde kinne, is net wier, want de yndieling sa't dy no is, makket ûnderskie tusken kanalen (ynkl. fearten) en marren en rivieren. Der binne allinnich net genôch rivieren yn Fryslân om dy per gemeente yn te dielen, en wat de marren oangiet, dy soene by in yndieling per gemeente foar fierwei it grutste part by Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren bedarje, dat dêr haw ik ek mar fan ôfsjoen. Sadwaande komme rivieren en marren by de gemeenten yn 'e kategory:wetter telâne en binne op dat nivo inkeld de kanalen apart set. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 feb 2018, 22.39 (CET)[beäntwurdzje]