Oerlis:Constantine

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Dei @Drewes en Ieneach fan 'e Esk:, ik sjoch dat Konstantine (Algerije) hjir mei in K skreaun wurdt en alle oare Constantinen mei in C. Ik woe de side K/Constantine (Algerije) oanmeitsje, mar wat tinke jimme; ferfryskje mei in K of de offisjele namme, mei in C, brûke?--Kneppelfreed (oerlis) 23 des 2020, 05.50 (CET)[beäntwurdzje]

@Kneppelfreed: Mei in K is wol konsekwint mei oare ferfryskingen, mar ik bin safierhinne ik gjin beswier ha tsjin offisjele nammen, ek at se ienfâldich te ferfryskjen binne. Oars noch noflike feestdagen en in sûn 2021 tawinske. Drewes (oerlis) 23 des 2020, 17.01 (CET)[beäntwurdzje]
@Kneppelfreed: Bin it yn prinsipe mei Drewes iens, mei dit ferskil: Constantine is de Frânske foarm fan 'e plaknamme, en it Frânsk is yn Algerije (offisjele taal: Arabysk) net offisjeel. Sokke nammefoarmen binne wat Algerije, Tuneezje en Marokko oangiet, lykwols fierhinne ynboargere om't it foarhinne Frânske koloanjes wiene. Ik kaam lêsten it Marokkaanske plak Ouarzazate tsjin (yn in artikel dat ik noch net opladen haw). Ik tocht: wat moat ik dêr no mei oan, want as ik der 'Warzazate' fan meitsje wurdt it ferkeard útsprutsen om't it de w fan "skowe" wêze moat, en as ik 'Uarzazate' skriuw, begrypt net ien it om't we yn it Frysk de û as haadletter net mei in kapke staverje meie. Uteinlik haw ik it dêrom mar stean litten as 'Ouarzazate'. Ik bin dejinge dy't dizze betsjuttingsside skreaun hat, en ik haw Constantine yn Algerije hjir mar mei in K dien om't dat in simpele ferfrysking is en om't Frânsk, sa't ik sei, yn Algerije gjin offisjele status (mear) hat. Mar as jo sizze: ik doch it leaver mei in C, dan sil ik dêr ek gjin probleem fan meitsje. Wat jo ek dogge, de oare foarm moat yn elts gefal al even trochwiisd wurde. (Tusken heakjes: dit is trouwens wer hiel wat oars as dat Utika fan lêsten yn Tuneezje, want dat hiet yn it Frânsk, foel my op, Utique.) Ofslutend ek fan my de bêste winsken foar de kryst en âld & nij. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 des 2020, 21.37 (CET)[beäntwurdzje]

@Drewes en Ieneach fan 'e Esk: Tank foar jo antwurden. Ik tink dat ik dan mar konsekwint bleau en skreau it mei in K, al soe it my fierder ek net folle útmeitsje. En jimme ek in noflike kryst en in goed en sûn nijjier tawinske. Hoopje dat 2021 ús wat betters bringe mei.--Kneppelfreed (oerlis) 24 des 2020, 16.30 (CET)[beäntwurdzje]