Springe nei ynhâld

Oerlis:Bronx

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Der is net in "x" yn it Frysk, dat wêrom is de ein fan dizze namme net "ks"? Dat soe ek better strike mei it komôf fan dy namme. It artikel hat in keppeling nei Jennifer Lopez, dêr't de namme ek gewoan Bronks stavere is, dat it is net dat wy it as ûnmooglik sjogge. Mysha (oerlis)

Der is ek gjin "q" yn it Frysk. Moatte we dan Queens (in oare wyk fan New York) as "Kwiins" skriuwe? En wêrom net Nij-Jork ynstee fan New York? Ik haw net de gek mei jo útstel, mar ik lûk de line even troch om sjen te litten wêr't dit op ta giet. Ik bin gjin grut foarstanner fan it betinken fan ferfryskingen foar stêden yn it bûtenlân, mar as jimme nei dizze kanttekening lêzen te hawwen noch hieltyd fan "Bronks" skriuwe wolle, is it my fierders ek goed. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 21 mrt 2018, 18.53 (CET)[beäntwurdzje]
Fan dêre dat ik al oanjoech dat wy it ek al in kear brûkt hienen. It is Bronks lân, dat ik fyn it net sa optocht. "Queens" is folslein in Ingelske namme. Mei Fryske letters kin dy net skreaun wurde, mar ik kin my yntinke dat lju it net graach werstaverje sille. Nij York kin al skreaun wurde mei Fryske letters, dat dêr is it allinnich of de betsjutting sa dúdlik is dat minsken dy ferfryskje, en wat no ek de klamregel is foar it werstaverjen fan frjemde wurden en nammen. Mysha (oerlis)
Dat it neamd is nei ien dy't Bronk hiet (eins fan oarsprong Bronck, mar dêr sille we it fierders mar net oer ha), fyn ik net echt reden om 'e hjoeddeiske stavering oan te passen, mar sa't ik sei, ik kin der ek prima mei libje as jo dat al dwaan wolle. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 22 mrt 2018, 18.03 (CET)[beäntwurdzje]