Springe nei ynhâld

Oerlis:Boerderette

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Soe dit yn it Frysk net in "buorkerette" wêze moatte? Ik goai it mar even yn 'e groep. Ieneach fan 'e Esk (talk) 16 jan 2015, 23.30 (CET)[beäntwurdzje]

Tocht ik net. Boerderij is ommers pleats. Buorkerij tsjut op buorkjen. Drewes (talk) 16 jan 2015, 23.47 (CET)[beäntwurdzje]
It is wier dat de geef Fryske oersetting fan boerderij "pleats" is, mar de measte minsken (dy't ik ken) hawwe it lykwols oer "buorkerijen". "Pleats" is spitigernôch oan it útstjerren, bin ik bang. Mar los dêrfan, as der dochs in neologisme foarme wurdt, dan kin it ek wol in "buorkerette" wêze, neffens my. Dat klinkt alteast Frysker as "boerderette". Dat is alles dat ik hjiroer te sizzen haw, en fierders wol ik gjin drokte meitsje, en alhielendal net op 'e lette jûn. Underwerp ôfhannele. Ik moat trouwens sizze, Drewes, dat jo der mei Jan Nagel aardich flot by wiene; ik sil jo leau 'k tenei mar fan "Overtoom" neame. Ieneach fan 'e Esk (talk) 16 jan 2015, 23.56 (CET)[beäntwurdzje]