Springe nei ynhâld

Boerderette

Ut Wikipedy
Basisfoarm fan in boerderette

In boerderette as buorkerette is in wenningtype út de lêste desennia fan de tweintigste en iere 21e iuw, boud yn in styl dy't tinken docht oan in tradisjonele pleats, mar dy't yn dy foarm nea bestien hat.

It begryp 'Boerderette' soe troch de keunstner Wim T. Schippers yntrodusearre wêze. Yn de arsjitektuerkrityk wurdt de term denigrearjend brûkt, in foarbyld fan 'foute' katalogusbou dy't, faak, oan de râne fan âlde doarpen ferskynde en laat hat ta saneamde 'wite skimmel'. Yn kommersjele fermiddens, ûnder oaren by makelers, wurdt de term neutraal oant posityf brûkt foar in lanlike-nostalgysk type went.