Springe nei ynhâld

Oerlis:Ûntwikkelingslân

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@Ieneach fan 'e Esk: Ik sjoch hieltiden mear kapkes op haadletters. Mei dat tsjintwurdich offisjeel? Drewes (oerlis) 8 jul 2017, 19.57 (CEST)[beäntwurdzje]

@Drewes: Nee, datoangeande is der neat feroare by de lêste staveringsferoaring. In miste kâns, nei myn miening, want it is eins net út te lizzen dat je by lytse letters kapkes en skerptekens skriuwe, mar dat dy by haadletters dan ynienen ferdwine. Gjin inkele oare taal docht dat (ynsafier't my bekend is). Ik haw der jierren lyn ris nei fernommen by de Afûk, en dêr seine se doe dat it yn prinsipe yn gjin inkele sitewaasje neffens de regels fan 'e stavering wie, mar dat it wol in protte dien waard as ALLE LETTERS DOCHS AL MEI HAADLETTERS SKREAUN WURDE, YN TITELS EN SA. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 jul 2017, 21.09 (CEST)[beäntwurdzje]
P.S.: Yn gefallen dêr't it om 'e earste letter fan in wurd giet, lykas hjir by 'ûntwikkelingslân', moatte wy fansels wol de foarm 'Ûntwikkelingslân' trochwize nei 'Untwikkelingslân', om't je oars by in link yn 'e tekst hieltyd [[Untwikkelingslân|ûntwikkelingslân]] skriuwe moatte. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 jul 2017, 21.13 (CEST)[beäntwurdzje]
https://onzetaal.nl/taaladvies/accenten-op-hoofdletters
Aksinten op haadletters hawwe nea ferbean west. Dat it hiel lang net dien waard hie te krijen mei dat it yn de leadsetterij simpelwei ûnmooglik wie.
Hjoeddedei kin technysk sjoen sawat alles. Mar… in tekst moat ek noch noflik te lêzen wêze en it tal lettertypen dat dy diakrityske tekens op haadletters wat fatsoenlik har gerak jouwe is tige beheind. It wurde almeast eilantsjes dy’t fier fan de fêstewâl ôfdreaun binne óf se krûpe de mem sa bot oan dat jo net oars as konkludearje kinne dat mem slim mishannele is.
No binne der dus twa streamings: 1) Ut ûnderwiiskundich eachweid altyd diakrityske tekens brûke, en 2) Diakrityske tekens op haadletters allinnich brûke as dat ek typografysk (en dus foar de eagen) ferantwurde is.
Der binne alsa twa ‘wetten’ dy’t inoar net al te bêst ferdrage. Jo soene hast werom wolle nei de leadsetterij… (dêrmei bin ik wol yn in streaming te pleatsen, tink ik) romke fan tomke (daam) (oerlis) 8 jul 2017, 21.57 (CEST)[beäntwurdzje]
@romke fan tomke (daam):: Tsja, Daam. Dat is in aardich stikje, dêr't jo hjir nei ferwize, mar dit giet oer it Nederlânsk en hat yn prinsipe neat mei de offisjele stavering fan it Frysk te meitsjen. Los dêrfan sjoch ik op dit mêd dúdlike ferskillen tusken it Nederlânsk en it Frysk, mei't diakrityske tekens yn it Nederlânsk yn prinsipe inkeld brûkt wurde as lêsteken ("één" ynstee fan "een", beide goed) wylst yn it Frysk diakrityske tekens it ferskil tusken letters meitsje ("bûk" ynstee fan "buk", ferskillende wurden). It sil bêst wier wêze dat it foarhinne typografysk dreech wie om kapkes en skerptekens op haadletters te setten, en dat sil dan ek de reden wêze dat it Frysk dêr op in stuit fanôf stapt is. Mar sa't jo sels sizze, tsjintwurdich is der neat dreechs mear oan, dat ik snap net dat de Fryske Akademy dizze ynkonsekwinte saak by de lêste staveringsferoaring net even rjochtlutsen hat. En boppedat hawwe it Frânsk mei de É en Slavyske talen mei de Š en Č ensfh., it Portegeesk mei de Ã, en gean sa mar troch, ek altyd diakrityske tekens op haadletters skreaun al hoe typografyske dreech oft dat ek wie. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 jul 2017, 22.18 (CEST)[beäntwurdzje]
Wat ik yn de gauwichheid op de ynterwebs lês is dat it yn it Frânsk ek mear wizânsje is se wei te litten as om se te brûken. Mar dat ‘terzijde’. Ik begryp de taalleararguminten wol. Is ek neat mis mei. Mar elke taal hat syn eigenaardichheden (en yn dit gefal dan faaks stimulearre troch de leadsetterij). Om my mochten dizze eigenaardichheden lykwols wol sa bliuwe want ik bin fan miening dat opheffen fan dy ynkonsekwinsje it wurdbyld slim ferinnewearret. Dat se in beheining binne om de taal goed te brûken of oer te dragen kin wier wêze mar dat tsjut bin ik bang benammen op de swakke posysje fan dy taal. romke fan tomke (daam) (oerlis) 8 jul 2017, 22.43 (CEST)[beäntwurdzje]
@romke fan tomke (daam): Ik tocht dat se yn it Frânsk nochal oan harren É hechte wiene, mar dêr wol ik fierders fanôf wêze. Jo hawwe gelyk as jo sizze dat eltse taal syn eigenaardichheden hat. Oer de winsklikheid om dizze spesifike eigenaardichheid fan it Frysk út te bannen, ferskille wy dúdlik fan miening. As jo sa sterk oan it hjoeddeistige Fryske wurdbyld hechtsje, sil it jo wol shockearje as ik sis dat ik eins foarstanner fan in folslein fonetyske stavering fan it Frysk bin. No ja, we wenje hjir net yn Turkije, dus mieningsferskillen is neat mis mei. Ik wit net oft it ferdwinen fan diakrityske tekens by haadletterfoarming in beheining is foar de oerdracht foar it Frysk, mar it is wol wer wat dat ekstra útlein wurde moat, wylst dat yn prinsipe neffens my net nedich wêze moatte soe. En dat dêr faak flaters mei makke wurde, hat perfoarst mei de swakke posysje fan it Frysk te krijen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 jul 2017, 00.08 (CEST)[beäntwurdzje]