Oaljeslaggerij De Boer (De Jouwer)
Oaljeslaggerij E.A. de Boer en Zonen wie in oaljeslaggerij oan de Slachtedyk op De Jouwer. Oprjochter fan it fabryk wie Eelke Annes de Boer (1808-1886). Hy waard opfolge troch syn soan Anne Eelkes de Boer dy’t neist fabryksdirekteur ek wethâlder fan Haskerlân wie. Anne Eelkes wenne fan 1885 oant 1897 yn de nijboude filla Jamja.[1]It “De Boersfabryk” stie rjocht foar de tsjintwurdige yngong fan de Jouster passantehaven oer.
Oaljeslaggerij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it fabryk waard oalje parst út lynsied of oare oaljehâldende siedden. It ôffal waard yn koeken parst. Dy parste lynsiedkoeken waarden as feefoer jûn oan de kij om de molkeopbringst te ferheegjen. Ornaris keallen de kij yn de maitiid en joegen simmerdeis de measte molke. De kij rûnen dan yn it lân en joegen goedkeape molke. Omdat der winterdeis net folle oanbod fan molke wie, gie de molkpriis flink omheech. Yn de moles oan de Oostzaan waard it ôffal fan de lynoaljemûnen brûkt as goed en goedkeap krêftfoer.[2]. In soad Oostzaanse boeren leine har dêrom ta op wintermolke om te profitearjen fan de hege molkpriis.
Brân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It earste fabryksgebou fan De Boer waard yn 1913 troch brân ferwoaste. Oarsaak wie nei alle gedachten broei yn de palmpitten yn it magazyn. Der kaam doe in grutter fabryk mei in leger middenstik en twa toerfoarmige úteinen. Dat nije fabryk soe fyftjin jier letter yn de nacht fan 18 op 19 april 1928 opnij ôfbaarne. Troch de hurde wyn waarden ek Zijlstra's Meubelfabryk, in pleats en trije arbeiderwennings yn de jiske lein. De ûnderste ferdjipping fan de oaljeslaggerij bleau stean en waard letter brûkt troch Douwe Egberts. It âlde stik waard noch lang "de Boersfabryk" neamd. Troch de brân rekken sa’n tachtich Jousters sûnder wurk.[3] De bedriuwen fan De Boer en Zijlstra blykten boppedat net tsjin brân fersekere te wêzen.
Oare grutte brannen yn de skiednis fan De Jouwer wiene op 27 oktober 1886 en 4 septimber 1912.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|