Springe nei ynhâld

Nowy Dwór Królewski

Ut Wikipedy
Nowy Dwór Królewski
Lân Poalen
Woiwodskip: Kujawien-Pommeren
Ynwennertal 190


Kaartsje fan it doarp

Nowy Dwór Królewski is in doarp yn Poalen mei 190 ynwenners (1996) en in beboud oerflak fan sa'n 370 ha yn de gemeente Papowo Biskupie. It heart ta it greefskip Chełmno, yn noard-sintraal Poalen.[1]

It doarp sels beslacht 337 km².[2] Der wenje 32 húshâldings. Yn it doarp stiet in soarte fan paleiske út ± 1875.

It plak wurdt foar it earst neamd yn 1398. Yn dat jier wurdt der skreaun dat Nowy Dwór Królewski 32 hynders, 20 kij, 215 skiep en 90 bargen hat. Yn Dútske dokuminten en kroaniken komt it plak foar as Nuwenhof, Nuwenhuf, Nuwemhoff en Koenigliche Neuhof. Fan 1398-1421 wie it in doarp fan de Teutoanske Oarder. Yn 1505 wie it doarp besit fan de biskop fan Chełmno.

Yn 1772 by de Poalske Dielings (1772, 1793 en 1795) kaam it oan West-Prusen, yn it departemint Kwidzyn. De earste telling fan de befolking wie yn 1773.

Yn 1900 is it doarp besit fan Zuzanna Witte. Fan 1910 oant 1945 wie it fan Gerhard Witte.

Koart foar it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich ferlieten de measte ynwenners it plak út eangst foar de Dútskers.[3] It plak waard rillegau nei it begjin fan de oarloch ynnaam en foar in part ferneatige.[4]

Earst yn 1996 krige it plak oansluting op it telefoannet (gebietskoade 56).

Plakken yn de omkriten
Doarp km
Niemczyk 1
Folgowo 2
Staw 2
Wrocławki 2
Bartlewo 3
Firlus 3
Papowo Biskupie 3
Błachta 4
Tytlewo 4
Lipienek 4
Łyniec 9
Piątkowo 9
Napole 9
Zakrzewo 9
Zelgno-Bezdół 9
Wabcz 9
Malankowo 9
Rybieniec 9
Witkowo 9
Wabcz Kolonia 9

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Central Statistical Office (GUS) – TERYT (National Register of Territorial Land Apportionment Journal); 2008-06-01
  2. Waldemar Rodzynkowski, Zarys Dziejów Gminy Papowo Biskupie, 1996.
  3. Waldemar Rodzynkowski, Zarys Dziejów Gminy Papowo Biskupie, 1996
  4. Waldemar Rodzynkowski, Zarys Dziejów Gminy Papowo Biskupie, 1996
  • Oerset fan Wikipedia en:. NB: it artikel is foar in part yn striemin ingelsk skreaun