Noorderland

Ut Wikipedy
Noorderland, maaie 2011

Noorderland is in magazine oer it (bûten)libben yn Fryslân, Grinslân en Drinte. It blêd ferskynt sûnt 2005 acht kear jiers en wurdt útjûn troch Pijper Media yn Grins.

It blêd jout omtinken oan human interest, natoer, kultuer, útgean en wenjen en wurkjen yn de noardlike provinsjes. Yn it jublileumjier 2010 wie der in grut feest op lângoed Nienoard yn De Like.

Oant 2013 waard it blêd útjûn troch de NDC Mediagroep dy't ek de Ljouwerter Krante en Nieuwsblad van het Noorden útjout. Begjin 2013 waard Noorderland ferkocht oan Pijper Media.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. http://www.fnvkiemnoord.nl/index.php/8-nieuws/53-noorderland-van-ndc-naar-pijper-media-in-stad