Springe nei ynhâld

Noardkaap

Ut Wikipedy
De Noardkaap
Omkriten Noardkaap

De Noardkaap (Noarsk: Nordkapp) oan de Barentssee wurdt tradisjoneel beskôge as it noardlikste puntsje fan it Jeropeesk kontinint. De Noardkaap leit op in eilân, dat mei in tunnel fan de fêstewâl ôf te berikken is. It leit op 71° 10' 21" NB, yn de gemeente Nordkapp tichteby Hammerfest, yn Noarwegen. De kaap leit op 2080 km fan de Noardpoal.

De Noardkaap is lykwols net it noardlikste punt fan Jeropa. De eilannekloft Franz Joseflân dy't op sa'n 600 km benoarden de Noardkaap leit, heart ek ta Jeropa. De Noardkaap is likemin it noardlikste punt fan it Jeropeeske kontinint, mar Knivskjellodden dat om-ende-by oardel kilometer noardliker leit.

It wie in Ingelske seefarder Richard Chancellor dy't de kaap syn namme joech. Hy wie yn 1553 op 'e siik nei de Noardeastlike trochgong nei Yndia. In drokke handel tusken Ingelân en Moermansk wie dêrfan it gefolch.

Op 25 desimber 1943 fûn tichteby de Noardkaap in seeslach plak dêr't it Dútske slachskip de Scharnhorst ta sinken brocht waard. Fan de 1934 opfarrenden oerlibbe mar 36 man de katastrofe.

Yn it winter tiidrek is de Noardkaap mar beheind iepen.

Knivskjellodden sjoen fan de Noardkaap ôf