Springe nei ynhâld

Arsjipel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Eilannekloft)
De Mergui Arsjipel yn it suden fan Birma.

In arsjipel of eilannegroep is in lânfoarm dy’t bestiet út in keatling of kluster fan eilannen. Arsjipels besteane meastentiids yn de iepen see.

It wurd komt fan de Egeyske See (Italjaansk: Archipelago), dat letterlik “haadsee” betsjut, út de Grykske wurden arkhi (“lieder”) en pelagos (“see”). De Egeyske See leit tusken Grikelân en Turkije.

Soarten arsjipels

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Arsjipels wurde meastentiids fûn op iepen see, it komt net faak foar dat in grutte lânmassa deunby leit. In útsûndering is Skotlân, dat omheind wurdt troch mear as 700 eilannen. Arsjipels binne faak fulkanysk, se ûntsteane lâns oseanyske rêgen of fulkanyske aktive plakken. Mar ek oare prosessen spylje in rol yn de foarming fan arsjipels, wêrûnder eroazje, deposysje en it omheech kommen fan de ierdboaiem.

De fiif grutste lannen dy’t op arsjipels lizze binne Japan, de Filipinen, Nij Seelân, it Feriene Keninkryk en Yndoneezje. De grutste arsjipel nei grutte is Yndoneezje.