Springe nei ynhâld

Noarddyk

Ut Wikipedy
Noarddyk
Stefanustsjerke fan Noarddyk
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Grins
Sifers
Ynwennertal 100 (2018)
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53°15′ NB 6°38′ EL

Noarddyk (Nederlânsk en offisjeel: Noorddijk; Grinslânsk: Noorddiek) is in plak yn de gemeente Grins yn de provinsje Grinslân.

Foar 1969 wie Noarddyk it haadplak fan de gemeente mei deselde namme; it gemeentehûs stie yn Rúskerbrêge. De gemeente wie mar in pear kilometers breed en sa'n 10 km lang. By Noarderhegebrêge wie de gemeente sels mar 20 m breed.

It doarpke, dat no sa'n bytsje tsjin de wenwyk Lewenboarch oanleit, hat in romanogotyske Stefanustsjerke mei in bysûnder kleure tinkstien op de toer. Oarspronklik wie Noarddyk ien fan de kerspelen fan it Goarjocht.

De Noardermole ûnder Noarddyk

Be-easten it doarp stiet de Noardermûne, in eardere poldermole dy't it noch altyd docht en dy't syn wetter útslacht op de Borgsloot, dy't ek wol Kardingermaar neamd wurdt.

Om it doarp hinne is him in grut natuergebiet oan it ûntjaan.

Neffens guonts ferwiist de namme fan it doarp nei de dyk benoarden Grins, dy't in part wie fan Innersdyk. Neffens oaren ferwiist it nei de dyk dy't de direkte omkriten fan Noarddyk ferpartet yn in Noarder Polder (mei de Noardermûne) en in Súd Polder, nammentlik de Stedswei. Noarddyk betsjut sa "benoarden de dyk"

De namme Noarddyk waard oant 2014 brûkt foar in stedsdiel dat Noarddyk, Easterhegebrêge, Lewenboarch, Beijum, Ulgersmaboarch en Rúskerbrêge omfieme en dat yn 2006 33.310 ynwenners hie, mear as de oare stêdsdielen.