Stefanustsjerke (Noarddyk)

Ut Wikipedy
Stefanustsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
plak Noarddyk
adres Noorddijkerweg 16
koördinaten 53° 14' N 6° 37' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Sint-Stefanus
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
boustyl romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 18760
Webside
Side fan de PKN-gemeente Damsterboord
Kaart
Stefanustsjerke (Grinslân)
Stefanustsjerke

De Stefanustsjerke is in romanogoatysk tsjerkegebou yn it Grinslânske doarp Noarddyk.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gevelstien dy't ferwiist nei de bou fan de toer yn 1648

De yn 'e 13e iuw boude tsjerke waard wijd oan de martler Stefanus. Nei de reduksje fan Grins yn 1594 namen de protestanten it gebou fan 'e katoliken oer. Noch foar dy tiid waard om 1550 hinne de tsjerke ferboud. De ferwulften waarden útbrutsen en troch in flak plafond ferfongen en de tsjerke waard oan 'e eastlike kant langer makke, dêr't in nij koer ûnstie. It koer waard boud fan de stiennen dy't troch it ferleegjen fan 'e muorren fan it skip en de ôfbraak fan it âlde koer frij kamen.

Mei de bou fan 'e hjoeddeiske toer waard yn 1648 útein set. Earder hie de tsjerke in houten toer. Op 'e toer stiet in wynwizer mei in earn.

By de grutte restauraasje yn 1995-1997 fan 'e Stefanustsjerke bleau it komplete 19e-iuwske ynterieur bewarre.

Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De neoklassike preekstoel yn de tsjerke waard yn 1840 makke troch A.C. Cramwinkel. Yn 'e tsjerke stiet in 17e-iuwsk offerblok. De twa kroanluchters datearje út 1800 en 1890.

De tsjerke hat fjouwer brânskildere ramen út 1765. Se binne makke troch Petrus van der Veen en skonken troch û.o. de tsjerkfâlden en de stedssekretaris. Op ien fan de ramen stiet de tsjerke sels ôfbylde.

Yn 'e toer hingje twa klokken. Ien klok waard yn 1660 getten troch Willem Jacobus de Vrij. De twadde klok út 1714 waard yn opdracht fan 'e famylje Boering yn 'e jierren 1990 skonken en ferfong doe de klok út 1714, dy't yn de Twadde Wrâldkriich troch de besetter foarder is en net werom kaam.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel

De tsjerke besit in wichtich oargel fan Petrus van Oeckelen, dat op 17 july 1864 yn gebrûk nommen waard. Troch it lege plafond moast it boppewurk efter it haadwurk set wurde. Tocht wurdt dat Van Oeckelen in al besteand oargel oanpast hat foar de Stefanustsjerke. It plafond waard yn 1889 fierder ferlege, wertroch de middentoer troch it plafond giet, wylst de bekroaning fan 'e sydtuorren nei de sydkanten fan de sydtuorren ferhûzen. It hiele oargel waard yn 2005-2006 troch Mense Ruiter restaurearre. It twamanualige oargel besit 16 registers en hat in oanhongen pedaal.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: