Springe nei ynhâld

Nim my mei dy mei

Ut Wikipedy

'Nim my mei dy mei' is in Frysk liet dat yn 2017 bekend waard troch Wiebe Kaspers en de Greidebern.

It liet wie ûnderdiel fan it projekt 'Greidhoeke goes Onderwijs' oer de efterútgong fan de skries en it ferlies oan bioferskaat yn it lânskip. Greidhoeke goes Onderwijs wûn 2019 de earste priis by de ferkiezing fan de Fryske Underwiispriis.[1] Yn Littenseradiel dienen fjouwer skoallen mei: de Romte yn Itens, de Opslach yn Wommels, de Stjelp yn Baard en it Bynt yn Winsum. De fjouwer skoallen fan Gearhing Underwiisteam 7 wurken dêrby gear mei ferskate kultuerynstânses, natoerorganisaasjes en de mienskip.[2]

Oan de bern waard frege wêr’t se oan tochten by de skries en wêrom ’t se tochten dat de skries him sa thús fielde yn harren omkriten. De antwurden waarden brûkt troch Wiebe Kaspers dy 't it op muzyk sette ta Nim my mei dy mei.[3] By it liet is ek in fideoklip makke. [4]

It luts ek de oandacht fan it Jeugdjournaal. [5] Nim my mei dy mei giet oer in jonge dy’t op bêd leit en bûten de skries roppen heart. De skries nimt de jonge mei en leart him fleanen. It liet waard yn 2017 mei in achtste plak de heechste binnenkommer yn de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: