Nikolai van der Heyde
Nikolai van der Heyde | ||
regisseur en/of produsint | ||
Nikolai van der Heyde yn 1965 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1936 | |
berteplak | Ljouwert | |
stoarn | 2020 (84 jier) | |
stjerplak | Laren | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Regisseur, senarioskriuwer | |
jierren aktyf | 1966-1996 | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl |
Nikolai van der Heyde (Ljouwert, 23 jannewaris 1936 – Laren (Noard-Hollân), 6 augustus 2020) wie in Nederlânske filmregisseur, telefyzjeregisseur en senarioskriuwer.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van der Heyde waard yn Ljouwert berne as soan fan in Nederlânske heit en in Russyske mem.
Van der Heyde studearre yn 1964 ôf oan de Nederlânske Filmakademy. Fia dy oplieding wie er yn de gelegenheid en meitsje ta koarte films, en waard er sjoen as ien fan de meast talintearre studinten fan syn lichting. Ek yn 1964 rjochte er yn 'e mande mei Wim Verstappen en Pim de la Parra it filmtydskrift Skoop op. Mei troch stipe fan biermagnaat Alfred Heineken koe er yn 1966 syn earste langspylfilm meitsje: Een Ochtend van Zes Weken. De film krige yn binnen- en bûtenlân goede kritiken, mar it publyk bliuw wei.
Van der Heyde rjochte him dêrnei wat mear op in ynternasjonale merk foar syn films. Hy makke To Grab the Ring, en fiif jier letter Love Comes Quietly. Beide films waarden nominearre foar in Gouden Bear op efter elkoar it 18e en 23e Filmfestival fan Berlyn. Van der Heyde wie in leafhawwer fan Hollywoodfilms, en as er de kâns krige liet er Ingelske of Amerikaanske akteurs in rol spylje yn syn films. Dêrnei makke er de kluchtige komeedzje Help, de dokter verzuipt! nei de streekroman fan Toon Kortooms, dy't syn grutste súkses by it grutte publyk wurde soe. Syn karriêre hapere dêrnei wat. De opfolger fan Help! De dokter verzuipt, mei de titel Laat de dokter maar schuiven waard in flop. Nei de film Nitwits hat Van der Heyde allinne noch Dútske telefyzjerigen regisearre.
Van der Heyde stoar yn de âldens fan 84 jier yn it Rosa Spier Hûs yn Laren.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In kar:
- Nitwits (1987)
- Laat de dokter maar schuiven (1980)
- De dwaze lotgevallen van Sherlock Jones (1975)
- Help, de dokter verzuipt! (1974)
- Love Comes Quietly (1973)
- To Grab the Ring (1968)
- Een ochtend van zes weken (1966)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) IMDb-profyl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|