Streekroman

Ut Wikipedy

In streekroman is in roman dêr’t de hanling him fan ôfspilet tsjin de eftergrûn fan it libben yn beskate kontreien, benammen op it plattelân.

Literêre streekromans[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de Twadde Wrâldkriich binne der in soad streekromans ferskynd fan de hân fan literêre auteurs. De Nederlanner Antoon Coolen jr. situearre syn boeken yn de Peel, Herman de Man skreau tsjin de eftergrûn fan de Lopikerwaard en A. den Doolaard brûkte Walcheren as setting. Foaroansteande Belgyske foarbylden binne Stijn Streuvels en Felix Timmermans.

De bekendste Fryske streekroman (ek yn te dielen by de Skelmeroman) is Feroaring fan lucht fan Rink van der Velde. In bekende Nederlânske streekroman - mei Drintske dialogen - is Anne de Vries' Bartje.

Publyksromans[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tagelyk wie der in grutte produksje fan wurk dat earder ta de lektuer rekkene waard: it ferhaal stiet sintraal, emoasjes wurde útlein, de ferhaalline is net al te kompleks. Bekende nei-oarlochske auteurs binne Leni Saris, Annie Oosterbroek-Dutschun, Mien van 't Sant en Margreet van Hoorn.

Delgong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It promininte plak by de boekwinkelkassa ha dy boeken nei de oarloch linkendewei ferlern. Beekman en Beekman (1950) fan Toon Kortooms helle noch net earder fertoande oplages, mar hjoeddeidei ha noch mar in pear útjouwers streekromans yn harren fûnslist: yn Nederlân binne dat benammen útjouwerij Kok yn Kampen en in tal lytse kristlike útjouwers. Yn boekhannels dêr’t foarhinne faak aparte kasten foar de streekromans ynromme wiene, ha se dy wichtige posysje ferlern. It kanaal dêr’t se it publyk troch berikke, is benammen de bibleteek; dêr binne de streekromans noch altyd slim populêr.

Under beskate segminten fan harren doelgroep, de jongere froulju benammen (mar ek wat âldere froulju), ha streekromans in soad konkurrinsje krigen fan oare sjenres, lykas de chicklit en de romantyske lektuer (de saneamde hy-sy-roman). Dat is te ferklearjen: de doelgroep bestie tradisjoneel benammen út húsfroulju, mar wurdt de lêste desennia benammen foarme troch arbeidzjende froulju. Har belibbing slút minder oan by de streekroman-tematyk as it gefal wie by harren foarteam.

Tematyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De situearring yn beskate kontreien is faak in plattelânssetting. Dat betsjut yn de tradisjonele streeklektuer de belibbenissen fan de haadpesoan: faak giet it om de wederwarichheden fan in húshâlding op it boerelân hinne, mei in stribjen nei mienskiplik lok dat útsoarte tûkelteammen tsjinkomt (dêr is de plot op basearre), mar dat úteinlings dochs ta in befredigjend resultaat liedt.

De situearring bringt faak mei dat folkloare in rol spilet. Inkeld wurdt ek yn it dialekt skreaun: dat kin him beheine ta dialogen, mar de ferteller kin him ek yn in dialekt uterje, as er him as dielgenoat oan it streekbarren presintearret.

In oar tema is dat fan it kontrast tusken it plattelânslibben en dat yn de grutte stêd. Troch it skilderjen fan tradisjonele libbenswizen yn dy kontreien ûnderskiedt dy situearring him ek fan oare kontreien.

It binne gauris tsjokke, maklik te lêzen, boeken, dêr’t in frij ienfâldige yntriizje sintraal yn stiet, de gefoelens tige werkenber binne, en de ôfrin foarsisber is. Súksesfolle titels en it wurk fan tige populêre auteurs wurde wol werprinte yn noch tsjokkere omnibus-útjeften, mei meast in stofomslach dat yllustrearre is mei in tekening.

Modern maatskiplike ûntjouwings ha de tematyk fan de streekroman wol beynfloede: yn resinte titels kinne jo swierwêzen foar it houlik oantreffe, ynsest spilet der in rol yn, en ek komt der wolris in poaier yn foar.

Ferlykbere sjenres[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Benammen yn de literatuer fan de Feriene Steaten is de regionale roman bekend. Dit is, oars as de streekroman, amper in subsjenre: der wurdt sels wol útholden dat eltse Amerikaanske roman streekbûn is. Yn alle gefallen binne de romans dy’t yn it Amerikaanske suden spylje dêr foarbylden fan. Dy wurken fan bygelyks Eudora Welty, Truman Capote of William Faulkner binne gjin streekromans yn ús sin fan it wurd.
  • De Nederlânskalige ’koloniale roman’ is in apart subsjenre fan de roman, en gjin streekroman. Hy spilet net needsaaklik tsjin de eftergrûn fan in lânstreek, grif net yn Belgyske of Nederlânske, en syn tematyk is meast hiel oars (útienrinnend nammers) as dy fan de streekroman.
  • Yn de ’pastorale’ binne de kontreien wol deeglik in dominant gegeven. It ferskil is lykwols dat it libben op it lân dêr (och sa) idealisearre wurdt, en as spegel foarholden wurdt oan it stedslibben, dat ferûndersteld wurdt folle minder goed of idyllysk te wêzen. De pastorale is dêrmei krekt út in net-lanlike optyk wei skreaun.

Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In soad Fryske romans út de (lytse) Fryske literatuer kinne út Nederlânsk perspektyf wei as streekroman sjoen wurde wylst se ek by oare sjenres yn te dielen binne.