Springe nei ynhâld

Nikolaastsjerke (Bogense)

Ut Wikipedy
Sint-Nikolaastsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Denemark Denemark
adres Kirkestræde 39, 5400 Bogense
koördinaten 55° 34' N 10° 5' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Lutheranisme
bisdom Fún
patroanhillige Nikolaas fan Myra
Arsjitektuer
boustyl Romaanske mei útwreiding 1450-1500
Webside
www.bogensekirke.dk
Kaart
Nikolaastsjerke (Súd-Denemark)
Nikolaastsjerke

De Sint-Nikolaastsjerke (Deensk: Sankt Nikolaj Kirke) is in luthersk tsjerkegebou oan 'e haven fan Bogense op it Deenske eilân Fún. De tsjerke giet werom op in romaansk gebou út de 12e iuw en waard wijd oan Nikolaas fan Myra, de beskermhillige fan 'e seelju.

De âldste dielen fan 'e tsjerke binne it fan natoerstien boude romaanske koer en it skip, dêr't letter ferskillende útwreidings oan tafoege waarden. De âldste feroaring wie in ferlinging fan 'e tsjerke nei it westen ta. De grutste feroaring fûn yn 'e jierren 1450-1500 plak mei't in dwersskip en in toer mei in achthoekige spits boud waarden. Doe krige de tsjerke foar it measte syn hjoeddeiske oansjen.

It net sa wenstige plak fan 'e toer oan 'e eastlike kant hie te krijen mei de steile igge west fan 'e tsjerke, dêr't gjin plak mear wie foar in toer. De hege spits tsjinne eartiids as beaken foar de skipfeart.

De tsjerke waard foar it lêst restaurearre yn 'e jierren 2009-2010.

Ynterieur

It besjen wurdich binne it alter mei in skilderij fan Jezus yn 'e hôf út 1588, in 13e iuwsk doopfont en in preekstoel mei fykwurk út 1604.

It grutte krúsbyld dat hjoed-de-dei oan 'e eastlike muorre fan it súdlike dwersskip hinget, datearret fan 1490 en hong eartiids ûnder de koerbôge.

De tsjerke besit trije fotyfskippen, wêrfan de 'Arken' út 1880 de âldste is. De oare twa binne boud en skonken troch Ragner Christensen út Bogense en binne modellen fan 'e 'Norske Løve' (1978) en de trijemester 'Georg Stage' (1985).

Oan'e muorren binne noch in tal 16e en 17e iuwske grêfstiennen te sjen. Yn 'e toer hinget in klok dy't yn 1516 troch Henrik de Campen getten waard.

It oargel waard troch Marcussen & Søn boud efter in neogoatyske oargelkas.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bogense Kirke fan Wikimedia Commons.