Nikolaaskatedraal (Sint-Petersburch)
Nikolaaskatedraal Никольский собор | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
plak | Sint-Petersburch | |
adres | Nikolskaja Plosjtsad | |
koördinaten | 59° 55' N 30° 18' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1753—1762 | |
boustyl | Elisabeth-barok | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 781520339170006 | |
Webside | ||
nikolskiysobor.ru | ||
Kaart | ||
De Sint-Nikolaaskatedraal (Russysk: Никольский морской собор; Nikolski morskoi sobor), ek bekend ûnder de namme Marinekatedraal, is in Russysk-otterdokse katedraal yn Sint-Petersburch.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e tiid fan Peter de Grutte waard it gebiet bewenne troch seelju en foar har waard de earste houten tsjerke boud, dy't oan harren beskermhillige, Nikolaas fan Myra, wijd waard. De hjoeddeiske katedraal waard yn opdracht fan keizerinne Elisabeth boud foar it personiel fan 'e Admiraliteit. De arsjitekt Savva Ivanovitsj Tsjevakinski krige de opdracht. Om't it gebiet regelmjittich ûnder wetter stie, waard earst útein set mei it ferheegjen fan 'e boulokaasje. Yn 1753 sette de bou útein en yn 1760 waard yn oanwêzigens fan 'e keizerinne de katedraal ynwijd. Tusken 1755 en 1758 waard in stik fan 'e katedraal ôf de frijsteande, fjouwer ferdjippings hege klokketoer boud. De katedraal bestiet út twa aparte tsjerken: in tsjustere en mysterieuze oan Nikolaas wijde benedentsjerke en in útwrydske barokke oan 'e Epifany wijde boppetsjerke.
Op oanwizing fan tsarina Katarina II waard de tsjerke in marinekatedraal. Ta neitins fan de Slach by Tsushima waard foar de tsjerke yn 1908 in obelisk oprjocht.
Sovjet-Uny
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Sovjet-tiid wie de katedraal ien fan 'e acht tsjerken fan 'e stêd, dy't net sletten of ôfbrutsen waard. Wol mochten gjin klokken let wurde en waarden de klokken op 9 july 1934 yn beslach nommen. Yn 1941 wie de katedraal de sit fan 'e metropolyt fan Leningrad en Novgorod. Doe't de stêd troch de Dútsers omsingele waard, preke Aleksi I yn 'e tsjerke. De katedraal waard yn dy tiid troch besjittings skansearre, mar nei de oarloch folge in restauraasje.
Yn 'e boppetsjerke binne plakettes mei de nammen fan de omkommen bemanning fan 'e ûnderseeboaten K-27 (1968), K-278 Komsomolets (1989) en de K-141 Koersk (2000). Op 'e data dat de ramp plakfûn, wurde spesjale betinkingstsjinsten opdroegen. Yn 'e benedentsjerke wurdt in 17e-iuwske, Gryksk ikoan fan 'e hillige Nikolaas bewarre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De katedraal fertsjintwurdiget de saneamde Elisabeth-barok en is ien fan 'e moaiste foarbylden fan dy styl. De katedraal hat in grûnplan fan in Gryksk krús en wurdt mei fiif fergulde koepels bekroand. Yn 'e katedraal is plak foar 5.000 minsken.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:St. Nicholas Naval Cathedral
|