Springe nei ynhâld

Nije Dom (Linz)

Ut Wikipedy
Nije Dom

Neue Dom

bouwurk
lokaasje
lân Eastenryk
dielsteat Opper-Eastenryk
plak Linz
adres Domplatz
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1842-1924
boustyl Neogotyk
monumintale status Monumint
monumintnûmer 37595
offisjele webside
Side bisdom Linz

De Nije Dom of de Marije-Untfinzenisdom (Dútsk: Neue Dom, Mariä-Empfängnis-Dom) is in neogoatyske katedraal yn de Eastenrykske stêd Linz. De bou waard yn 1855 troch biskop Franz Joseph Rudigier út tankberens foar de bul Ineffabilis Deus fan 8 desimber 1854 ynisjearre.

De earste stien foar de katedraal waard yn 1842 lein en op 1 maaie 1924 wijde biskop Johannes Maria Gföllner it gebou lang om let as Marijetsjerke yn. De foltôging fûn lykwols pas yn 1935 plak. Yn it ramt fan it 150-jierrich jubileum fan it bisdom Linz waard doe ek it Domplatz werynrjochte. De dom is de grutste tsjerke fan it lân en de toer is twa meter leger as dy fan de Stephansdom yn Wenen. Yn de finsters binne ôfbylden fan ferskillende minsken te sjen dy't mei harren finansjele stipe de bou mooglik makken.

Troch de foarse befolkingsoanwaaks fan de yndustrystêd Linz yn de 19e iuw waard de bou fan in nije tsjerke needsaaklik. Oanlieding foar de bou wie de yn 1854 útfeardige bul Ineffabilis Deus mei de taljochting fan it dogma fan de Unbesmodske Untfinzenis fan Marije. De boutekenings fan de Keulske biskoplike boumaster Vincenz Statz waarden yn april 1859 presintearre. Op 1 maaie 1862 waard de earste stien foar de dom lein. De ynwijing fan de earste foltôge faze, de Votyfkapel (Votivkapelle), folge op 29 septimber 1869.

It nije alter (2017)

Statz liet him benammen beynfloedzje troch de Belgysk-Nederlânske heechgotyk, wêrby't tsjerken as de Utertse dom ta foarbyld tsjinne. De bou waard yn ferskillende fazes foltôge:

  • 1862-1869: de Votyfkkapel;
  • 1870-1885: it preesterkoer oant it dwersskip;
  • 1886-1901: de toer oan de noardlike kant fan de katedraal;
  • 1902-1935: it dwersskip en it skip.

Yn 2017 waard de domtsjerke foar in heal jier sletten foar in grutte ferbouwing fan it ynterieur. Sa waarden û.o. it alter ferlein, de ferwaarming modernisearre en dielen fan it pleisterwurk fernijd.

De dom is de grutste tsjerke fan Eastenryk, mar de toer fan de Weenske domtsjerke moast de heechste toer fan it lân bliuwen en dêrom is de toer fan de Nije Dom "mar" 134,8 heech. It is likegoed dochs noch de op ien nei heechste tsjerketoer fan it lân. De tsjerke mjit bûten 130 meter lang, it dak is 44 meter heech en de maksimale breedte 60 meter. Mei de krypte hat de dom 142 finsters, 54 pylders en 17 alters.

It bekendste finster is it saneamde Linzer Fenster, dat ferhellet oer de skiednis fan de stêd.

Brânskilderd finster mei in foarstelling fan de wijing fan de klokken yn 1902

De Marije-Untfinzenisdom hat njoggen tsjerkeklokken. De âldste twa, de Annaklok en de Joachimklok, hingje noch op harren oarspronklike plak tusken twa tuorkes op de galerij fan de Votyfkapel en waarden in 1869 getten. De oare klokken bine yn 1901 getten en hingje yn de toer. As alle klokken liede, is it motyf fan it Salve Regina te hearren.

Haadoargel fan Marcussen & Søn

De Domtsjerke hat twa oargels: it haadoargel op de westlike oargeltribune en in koeroargel op it folksalter.

It haadoargel waard boud troch de Deenske oargelboufirma Marcussen & Søn en ynwijd op 8 desimber 1968. De skaaimerken fan twa earder troch it oargelbedriuw boude oargels en ek it Müller-oargel (1738) yn de Grutte Tsjerke fan Haarlim beynfloeden it konsept fan it yn de basis troch Sybrand Zachariassen ûntwurpen en disponearre ynstrumint. It hat 70 registers (5890 pipen), sleepladen, mechanyske spyl- en registertraktueren, yn it pedaal elektryske registertraktueren mei trije frije kombinaasjes.

Nei in soad strideraasje waard besletten it sicht op it roasfinster yn de toer fanút it skip op te offerjen foar it oargel. Dêrby tsjinne de Grutte Tsjerke fan Haarlim as foarbyld, dêr't it grutte finster foar it Müller-oargel feroare waard. Om it nije oargel yn de Linzer dom teminsten oant it dwersskip sûnder beheinings mei klank te foljen waard efter it oargel in lûdkearende wand mei yn it boppediel glês boud. Sa ûntstie in romte fan 10 by 10 meter tusken it oargel en it roasfinster.

It koeroargel waard yn 1989 troch de Eastenrykske oargelboufirma Pflüger boud. It hat 27 registers en mechanyske spyl- en registertraktueren. It ferfong in âlder Lachmayr-oargel út 1887. By it oanlizzen fan it nije folksalter waard ek it koeroargel skjin makke en op 'e nij yntonearre.

Foar in needsaaklike renovaasje fan de Marijedom is likernôch 14 miljoen euro nedich. It ynisjatyf Pro Mariendom wol jild foar dat doel ynsammelje mar ek it belang fan de katedraal fêster ferankerje by de befolking.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side