Springe nei ynhâld

Nijebiltdyk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nije Biltdyk)
De Biltdyk

De Nijebiltdyk (ek wol stavere as 'Nije Biltdyk'; Biltsk: Nije Dyk), is in dyk yn de gemeente it Bildt yn Fryslân. Sûnt 2015 falt de dyk ûnder it Ryksbeskerme gesicht Alde en Nije Bildtdiken.

De Nijebiltdyk waard yn 1600 oanlein om it nije polderlân, It Nije Bilt, tsjin de Waadsee te beskermjen. De nije dyk makke dyn funksje fan de Aldebiltdyk oerstallich. Yn 1754 waard wer in nije dyk oanlein, wêrtroch't de Nijebildtdyk de funksje fan slieperdyk krige. It nij oanwûn lân tusken dy diken krige de nammen Wester Bildtpollen en Easter Bildtpollen. Oer de Nijebiltdyk waard dêrnei in melle wei oanlein en waarden fral oan de noardkant fan dy dyk in tal huzen en pleatsen set. Oan de fierste westside leit de buorskip Swarte Herne, dêr't oant 1948 wei ek in boatferbining ûnderholden waard mei It Amelân, en oan de uterste eastside fan de dyk leit de buoskip Nijebiltsyl (Nije-Syl).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]