Springe nei ynhâld

Nieuw-Namen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nij-Namen)
Nieuw-Namen
Grinspeal 271
Grinspeal 271
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Seelân
GemeenteHulst
Sifers
Ynwennertal977 (2026)[1]
Oerflak45,71 km², wêrfan wetter: 0,21 km²
Befolkingsticht.21,5 ynw./km²
Hichte2 m
Oar
Postkoade4568
Netnûmer0114
Offisjele webside
www.inulst.nl
Kaart
Nieuw-Namen (Seelân)
Nieuw-Namen
Kaart
Grinspeal 271
Nieuw-Namen yn 'e gemeente Hulst.

Nieuw-Namen is in doarp yn 'e Nederlânske gemeente Hulst. It doarp leit op 'e grins mei Belgje, dy’t oergiet yn it Flaamske doarp Kieldrecht. It doarp hat 977 ynwenners (2026).

Tusken 1815 en 1970 makke it doarp diel út fan 'e gemeente Clinge. Sûnt 1970 heart Nieuw-Namen by de gemeente Hulst.

Nieuw-Namen stie yn 'e midsiuwen bekend as Hulsterloo. Under dy namme wurdt it plak foar it earst neamd yn in skinkingakte út 1136. De namme Hulsterloo komt foar yn it epos "Van den vos Reynaerde": Int oostende van Vlaenderen staet een bosch ende dat heet Hulsterloo.

Hulsterloo ferdwûn en it nije doarp dat ûntstie waard bekend as De Kauter, itjinge heechlizzende plak betsjut. Nieuw-Namen leit, lykas it oanbuorjende Belgyske doarp Kieldrecht, op in pleistoseenske sânrêch. Neidat yn 1664 de grins fêststeld waard, waard wol oer de Hollânske Kauter praat, wylst mei Kenings-Kauter it lettere Kieldrecht ornearre waard.

Yn 1858 waard de namme De Kauter op inisjatyf fan 'e pastoar feroare yn Nieuw-Namen. Dat ferwiist nei it Nederlânske doarpke Namen, dat yn 1715 troch de see opslokt waard.

Nieuw-Namen is ien fan 'e pear Siuwske plakken dêr't prehistoaryske foarwerpen, lykas pylkpunten fan fjoerstien, fûn wurde kinne.

Yn it doetiidske Hulsterloo wie in úthof fan 'e norbertiner abdij fan Drongen. Dêr docht de Kapellenberg noch oan tinken. De úthof wie bekend fanwegen in mirakuleus Marijebyldtsje, dêr't in soad minsken hinne pylgeren. It byldtsje kaam letter telâne yn de parochytsjerke fan Drongen.

Yn 1578 en 1580 waard it beafeartsplak troch de geuzen ferwoastge. Yn 'e rin fan 'e tiid fûnen oerstreamings plak, wêrtroch't it doarp ûntfolke rekke. Letter ûntstie in nije delsetting, dy't De Kauter neamd waard. Yn it earstoan wennen hjir lânarbeiders, fiskers en baggelders. Om-ende-by 1840 hie it plak in float fan 65 boatsjes en der waard op ansjovis en skulpdieren fiske. Ek smokkeljen soarge foar ynkomsten. Troch de oanhâldende ynpolderingen moasten de minsken op 't lêst fan fiskerij op lânbou oerstappe.

Yn 1858 krige it plak de namme Nieuw-Namen. Yn dy tiid waard it gehucht De Kauter yn opdracht fan it bisdom Breda in selsstannige parochy. Yn dy tiid lei it ynwennertal op goed 750.

  • De neogoatyske Sint-Jozeftsjerke datearret út 1860 en waard ûntwurpen troch P. Soffers. De tsjerke waard yn 1898, 1912 en 1923 útwreide; it oargel fan 'e firma Vermeulen is fan 1963.
  • It Marijekapeltsje oan 'e Veerstraat (1961) ferwiist nei de eardere ferearing fan Us-Leaffrouwe fan Hulsterloo.
  • De loftwachttoer op 'e Nieuw-Kieldrechtdijk út 1953 is ien fan 'e lêste oerbleaune observaasjeposten fan it eardere Korps Loftwachttsjinst.

Nieuw-Namen wurdt omfieme troch seeklaaipolders, mei as wichtichste de Saeftingepolder (1805). Yn it noardeasten leit de Hertogin Hedwigepolder (1907). Dizze polder krige ynternasjonale bekendheid om't Nederlân, tsjin earder makke ynternasjonale ôfspraken yn, wegere dit gebiet te ûntpolderjen.

De Meester van der Heijden-groeve is in ierdkundich monumint, dêr't de oergong tusken Plioseen en Pleistoseen sjoen wurde kin, wat unyk is foar de krite.

It Verdronken Land van Saeftinghe is it grutste brakwetter-kweldergebiet fan Europa en leit benoarden de buorskip Emmadorp.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Gemeente Hulst
Stêd:
Hulst
Doarpen:
ClingeGraauwHeikantHengstdijkKapellebrugKloosterzandeKuitaartLamswaardeNieuw-NamenOssenisseSint JansteenTerholeVogelwaardeWalsoorden
Buorskippen:
AbsdaleBaalhoekBoschkapelleCatalijnenwegDelftDrie HoefijzersDuivenhoekDe EekEmmadorpFluitershoekGroenendijkHalfeindHoefkesdijkHoek en Bosch't Hoekje't JagertjeKalverdijkKampenKamperhoekKeizerrijkDe Knapaf/DroogedijkKnuitershoekKoeleweiKoningsdijkDe KraaiKrabbenhoekKreverhilleKruisdorpKruispolderhavenKruiswegHet LammetjeLuntershoekMargretMargretschedijkMolenhoekMolenhoekNoordstraatHet OliekotOostdijkOssenhoekOude KaaiOudemolenOude StoofPaalPatrijzendijkPatrijzenhoekPauluspolderPerkpolderProsperdorpDe RapeRoskamRoverbergRuischendegatRustwatSaswijkSchapershoekScheldevaartshoekSchuddebeursSluis/Drie GezustersStatenboomStoppeldijk (Rapenburg)Stoppeldijkveer (foar in part) · StrooienstadTasdijkTivoliTragelVerkortingVijfhoekVogelfortWalenhoekZandbergZeedorpZeegat
· · Berjocht bewurkje