Springe nei ynhâld

Nij-Kaledoanje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nij-Kaledoanje (koloanje))
Dit artikel is in stobbe oer lânskip streek as regio‎.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Nij-Kaledoanje
Nouvelle-Calédonie
flagge wapen
geografyske lokaasje
algemien
gebietsdiel fan Frankryk
pol. status oerseeske kollektiviteit
haadstêd Nouméa
offisjele taal Frânsk
sifers
ynwennertal 256.000 (2012)
befolkingstichtens 13,6 / km²
oerflak 18.576 km² (ynkl. wetter)
bykommende ynformaasje
muntienheid Euro (€) (EUR)
tiidsône UTC+11
tillefoan +687
ynternetekstinsje .nc
webside www.gouv.nc
Nij-Kaledoanje

Nij-Kaledoanje (Frânsk: Nouvelle-Calédonie) is in Frânsk oerseesk gebietsdiel mei in bysûndere status. It oerseesk gebiet bestiet út in kloft eilannen dy't meiïnoar in oerflak hawwe fan 18.576 km2. It grutste eilân wurdt ek Nij-Kaledoanje neamd. Oare wichtige eilannen binne Maré, Lifou en Ouvéa, dy't de Loyaliteitseilannen foarmje.

De eilannekloft leit yn de Grutte Oseaan beëasten Austraajië, besuden Fanûatû, bewesten Fidzjy en benoarden Nij-Seelân.

It tal ynwenners bedraacht 256.000 (2012). De befolking bestiet benammen út Melaneezjers en Jeropeanen. Der binne 25 fleanfjilden yn it gebiet. Aircalin en Air Calédonie binne de twa loftfeartmaatschappijen.

Nij-Kaledoanje hat in tropysk klimaat, wêrtroch it der it hiele jaar waarm is mei in hege fochtichheidsgraad.