Niepokalanów

Ut Wikipedy
De basiliyk fan Niepokalanów

Niepokalanów is in roomsk-katolyk kleaster yn Teresin op 42 km. westlik fan Warsjau, Poalen. It kleaster is yn 1927 stifte troch de Fransiskaan Maksimiliaan Kolbe, dy't yn 1982 hillichferklearre waard troch paus Jehannes Paulus II.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1927 joegen prins Jan Drucki-Lubecki en grevinne Maria Antonina Krasinski in stik grûn yn de omkriten fan Warsjau oan Maksimiliaan Kolbe om dêr in nij kleaster te stiftsjen, dat letter de namme Niepokalanów krige. Yn de hjerst fan itselde jier waarden de earste houten barakken boud en de wijing fan it nije kleaster wie op 7 desimber 1927.

It kleaster waard bewenne troch de minderbruorren en njonken in seminaarje hie it ek noch in frijwillige brânwar. It waard in wichtich missysintrum troch it útstjoeren fan radioprogramma's en it distribuearjen fan geastlike lektuer. Yn de jierren 1930 stifte pater Maksimiliaan in gelikense mienskip yn it Japanske Nagasaki, dat de namme "Mugenzai no Sono" krige.

It kleaster waard al gau grutter en flak foar de Twadde Wrâldkriich wie it kleaster it grutste fan 'e wrâld, dêr't in mienskip fan 760 muontsen wenne. Ien fan de kranten, de "Ridder fan de Unbesmodske", hie alle moannen in oplage fan 750.000 eksimplaren.

Twadde Wrâldkriich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Twadde Wrâldkriich soarge it kleaster foar skûlplakken foar soldaten en flechtlings sûnder te sjen nei nasjonaliteit of godstsjinst. Sa waarden likernôch 1.500-2.000 joaden út it westlike diel fan Poalen troch it kleaster oan in skûlplak holpen. Yn 1941 waard pater Maksimiliaan mei oare Fransiskaanske bruorren troch de Gestapo arrestearre. Pater Maksimiliaan ferstoar noch itselde jier yn Auschwitz. Yn jannewaris 1945 waarden by swiere bombardeminten op Niepokalanów seis muontsen deade, oaren rekke ferwûne en in soad gebouwen waarden ferneatige.

Tsjintwurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de kriich waard de printerij op 'e nij iepene en ek de "Ridder fan de Unbesmodske" fûn syn wei wer nei de lêzers. Yn 1948-1954 waard in nije kleastertsjerke boud, dy't sûnt 1980 de status draacht fan basilica minor. De tsjerke en it kleaster krigen op 18 juny 1983 by syn reis nei Poalen besite fan paus Jehannes Paulus II. Dêrmei krige Niepokalanów ek namme bûten Poalen. De paus neamde it kleaster in heldeplak en wurdt tsjintwurdich troch in soad pylgers besocht.

Ta de gebouwen heart ek it Museum fan Maksimiliaan, dat yn 1998 ûnstie, en in âlde houten kapel út 1929, ien fan de earste gebouwen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Niepokalanów