Springe nei ynhâld

Niederhagen

Ut Wikipedy
Tinkteken op it earder appelplak
Brânwarkazerne yn de eardere kampkeuken

Niederhagen wie yn de Twadde Wrâldoarloch fan maaie 1939 oant yn 1943 in lyts Dútsk konsintraasjekamp. It lei tichteby Wewelsburg, it kastiel yn Noardryn-Westfalen dat fan 1934 oant 1945 it haadkertier fan de SS wie.

It kamp waard yn maaie 1939 yn gebrûk naam. Totaal waarden der 3.900 minsken fêstholden yn Niederhagen. De earste finzenen kamen út it kamp Sachsenhausen, mar doe't de Russyske kriichsfizenen kamen gie it tal finzenen omheech nei 1.200. Sy wiene feroardield ta twangarbeid. Yn 1940 en 1941 wie Niederhagen ek in trochfierkamp foar Jehova's tsjûgen, mar ek homoseksuelen, Sinty, Roma en politike finzenen hawwe der sitten. Yn desimber 1942 die de SS tynge dat der tolve Joaden nei Niederhagen deportearre wiene, dy't allegear it libben ferlearen.

Fan de 3.900 finzenen stoaren der te minste 1.285. Maitiid 1943 waard it kamp foar it grutste part opheft en waarden de oerlibben nei it konsintraasjekamp Buchenwald oerbrocht. Der bleaune sa'n fyftich persoanen efter, dy't fungearren as it saneamde "Restkommando". Op 2 april 1945 waard it "Restkommando" fan Amerikaanske troepen befrijd.

Kampkommandanten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De neifolgjende SS-ofsieren hawwe Lagerführer fan it wurkkamp west:

  • Wolfgang Plaul
  • SS Hauptsturmführer Adolf Haas, july 1941 - septimber 1941
  • SS Hauptsturmführer Adolf Haas wie ek kommandant fan it selsstannich konsintraasjekamp Niederhagen fan septimber 1941 oant 1943, doe't it kamp opheft waard en er oergie nei Bergen-Belsen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]