Springe nei ynhâld

Nicolaus Copernicus

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nicolaus Kopernicus)
Nikolaus Kopernikus, kopergavuere út 1597 fan Robert Boissard (1579–1601)
Thorn.

Nicolaus Copernicus (Nedersaksysk: Koppernigk, Kopernik; Poalsk: Mikołaj Kopernik) (19 febrewaris 1473, Thorn24 maaie 1543, Frauenburg) wie in belangryk wiskundige, dokter, jurist en stjerrekundige dy't bekend wurden is troch syn ideeën oer de struktuer fan it sinnestelsel. Dizze gedachten betsjutten in omkear yn it wittenskiplik tinken fan syn tiid en yn ús wrâldbyld, de Copernicaanske revolúsje.

Copernicus waard berne as Koppernigk yn Thorn (Toruń) yn West-Prúsen, destiids krekt as no ûnder Poalsk gesach. Lykas wenst wie yn in tiid dat publisearre waard yn it Latyn, neamde er himsels mei in ferlatynske foarm fan syn namme: Nicolaus Copernicus.

Copernicus studearre teology en astronomy oan de universiteiten fan Krakau, Bologna en Padua. Hy wie dêrom nei alle gedachten ek op 'e hichte fan it idee fan Aristarchus dat de sinne, en net de ierde, it middelpunt fan it hielal foarmet. Copernicus wurdt beskôge as de grûnlizzer fan de heliosintryske teory, dy't stelt dat de sinne yn it midden fan it sinnestelsel stiet en dat de planeten dêr omhinne draaie. Dit yn tsjinstelling ta it destiids wenstige geosintryske wrâldbyld, dêr't de Ierde en de mins achte waarden it sintrum fan it hielal te foarmjen. Wol bleau Copernicus by it idee fan Klaudius Ptolemaeus dat de planeten ienpearige bewegings makken en ek hie dit model noch inkele tsientallen episykels, korrektive helpsirkels om de baan fan de planeten klopjend te krijen.

Nicolaus Copernicus gie der ek fan út dat alle oare stjerren op deselde ôfstân fan de Ierde stienen as de sinne, mar wol fier bûten de baan fan de planeet Saturnus. Hy skreau al syn ideeën yn 1530 op yn in grut wurk, De Revolutionibus Orbium Coelestium (Oer de omdraaings fan de himellichems).

Hy publisearre dizze teory, dy't yn tsjinspraak wie mei de doetiidske lear fan de Roomsk-Katolike Tsjerke, pas oan 'e ein fan syn libben yn 1543. Op Copernicus syn stjerbêd waard him it earste eksimplaar fan syn boek oerhannige. Doe die lykwols bliken dat de útjouwer der in foaropwurd oan tafoege hie, dêr't yn stie dat it heliosintryske wrâldbyld foaral sjoen wurde moast as in wiskundich model en net as de realiteit.

De Roomsk-katolike tsjerke naam gjin stelling yn foar of tsjin Copernicus, omdat syn teory net as gefaarlik beskôge waard omdat de troch him oanfierde arguminten lang net oertsjûgjend wiene; de persizens fan syn teory koe doe ek noch gjin sprekken lije. Opposysje fan tsjerklike side tsjin Copernicus syn teory kaam earst doe't protestantske teologen dy teory net yn oerienstimming fûnen mei de bibel. Earst doe't Galileo Galileï de tinkbylden fan Copernicus ûnderboude en fersprate, waard it wurk fan Copernicus ek troch de Roomsk-katolike tsjerke op 'e Index librorum prohibitorum, de list fan ferbeane boeken, fan 1616 set. It boek waard yn 1758 wer fan de list ôf helle neidat der in pear korreksjes op oangebracht wiene. Galilei rekke oars wol slim yn konflikt mei de tsjerke. Hy waard yn de ban dien en krige de lêste tsien jier fan syn libben hûsarrest oplein troch Paus Urbanus VIII.

Copernicus stânbyld by de yngong fan it kastiel te Olsztyn.

Copernicus stoar yn 1543 yn Frauenburg (it tsjintwurdige Frombork yn Poalen) yn it Ermland en waard dêr yn de katedraal begroeven. Tsjintwurdich is der yn 'e katedraal en de bygebouwen in museum oer Copernicus.

Foar de yngang fan it kastiel fan Olsztyn stiet in brûnzen stânbyld fan Copernicus.

  • De Revolutionibus Orbium Coelestium

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]