Springe nei ynhâld

Natoermuseum Fryslân

Ut Wikipedy
Natoermuseum Fryslân
Walfiskseal

It Natoermuseum Fryslân, oprjochte yn 1923, is in museum Ljouwert.

It museum is festige yn in eartiids weeshûs. It Nij Stêdsweeshûs hat fan 1675 oant 1953 as weeshûs funksjonearre. Yn de heechtiiddagen wennen der goed trijehûnderd weesbern. Sy hiene as bynamme ‘de blauwe wezen’ troch de blauwe klean dy't sy drage moasten, de kleur fan it stêdswapen. De jonges wurken yn de timmerwurkpleats en de fammen yn de naaikeamer, it spinfertrek of as tsjinstfamke. Nettsjinsteande de ynkomsten út dy arbeid wie de finansjele posysje oan it begjin fan de 19e iuw tige min. Yn 1823 ferstoar yn Batavia Jacob Baljée, âld-ynwenner fan it weeshûs. Hy hie yn Ynje grutte rykdom fergarre en by testamint al syn besittings oan it weeshûs neilitten. Dêrmei kaam fuort in ein oan alle finansjele problemen. Omdat yn de 20e iuw de opfieding yn weeshuzen hieltyd minder populêrder waard en boppedat der minder âldere weesbern wienen, wennen der yn 1953 noch mar acht wezen yn it pân dat om dy reden sletten waard.

Ek no noch binne yn it museum ‘Blauwe weesbern te finen, lykwols yn de foarm fan de flintersoarte mei de selde namme. De fâdekeamer is de ienige romte dy't noch hielendal autentyk is.

It tema fan it museum is de natoer fan Fryslân. Trije ferdjippingen fol ynformaasje, bysûndere bisten en planten, opdrachten, proefkes, spultsjes en oare ferrassingen nûgje út om ûndekt te wurden. De ûnferwachte wize dêr’t alles op presintearre wurdt hat yn en bûten de provinsje al in protte wurdearring krigen.

Yn it Natoermuseum Fryslân kin op aventoer yn it Fryske lânskip gien wurde. Der kin (sabeare) kij molken wurde en as in echte detektive de moard op it boerehiem oplost wurde. Der draait in film oer in lyts gouden tuorke dy ’t dy mei werom nimt yn ‘e tiid. Sa sitte jin ynienen yn it fermidden fan mammoeten en Neandertalers boppe op in terp. In Fryske kaptein lit syn skatten sjen dy’t er sammele hat op syn reizen om de wrâld hinne. Der binne bûdeldieren, lykas de kangoeroes en in echte tiger. Yn de walfiskseal fielst dy as Tomke neist de enoarme kaken fan de Potfisk. Alle dagen is de preparateur oan it wurk en kin besjoen wurde hoe’t hy in hoarnûle, in Reade Wikel of in fjildmûs opset. Ferneamd is “Friesland onder water”. Kuierjend tusken kroas en wetterplanten kinne dûkende ielguozen, ferskûle snoeken en in gefaarlik lykjende “meerval” moete wurde.

De kolleksje fan it museum bestiet út ûngefear 147.500 foarwerpen (novimber 2006), wêrûnder:

  • Weakdieren - 25.000
  • Flinters - 37.000
  • Krobben - 11.700
  • Fûgelaaien - 7.900
  • Printen - 1.500
  • fossilen - 1.500

Foar bern fan 4 oant 8 jier wurdt der op fêste tiden in mearke ferteld oer Li-Ming, in draak fan 14 meter lang. Dêr kinne se sykje nei de kaai fan de skatkiste en meie se in winsk dwaan by de winskfontein.

Iepeningstiden: tiisdei o/m snein fan 11.00-17.00 oere. Sletten op Keninginnedei, Befrijingsdei, Earste Krystdei en Nijjiersdei.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: