Springe nei ynhâld

National Civic League

Ut Wikipedy
National Civic League
algemiene ynformaasje
ôfkoarting NCL
hist. namme National Municipal League
nasjonaliteit Amerikaansk
type org. non-profitorganisaasje
wurkmêd polityk en bestjoer
haadkertier Philadelphia (Pennsylvania)
oprjochte 1894
offisjele webside
www.ncl.com

De National Civic League (NCL), wat oerset wurde kin as "Nasjonale Boargerliga", is in Amerikaanske non-profitorganisaasje dy't him ynset foar transparant oerheidsbestjoer op gemeentlik nivo.

De NCL waard yn 1894 ûnder de namme National Municipal League ("Nasjonale Gemeentlike Liga") oprjochte yn Philadelphia, yn 'e steat Pennsylvania. Dat barde by in gearkomste fan politisy, bestjoerders, sjoernalisten en pommeranten út it ûnderwiis, wêrûnder Theodore Roosevelt, Louis Brandeis en Frederick Law Olmsted, dy't byinoar roppen wie om it oer de takomst fan 'de Amerikaanske stêd' te hawwen.

De NCL besiket en befoarderje transparânsje, effektiviteit en iepenheid yn it pleatslike oerheidsbestjoer. De organisaasje publisearret dêrfoar detaillearre en effektive bestjoersmodellen dy't gemeenten en countys oernimme kinne sadat se sels net oeral it tsjil foar hoege út te finen. It bekendst is de NCL lykwols troch de útrikking fan 'e All-America City Award, dy't jiers oan 'e tsien Amerikaanske stêden tawiisd wurdt dêr't de ideälen fan 'e NCL it bêst neilibbe wurde.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.