Nasalearring
Appearance
Nasalearring (nasaal fokaal) is in fonologysk proses wêrby de n troch de noas útsprutsen wurdt. By de neikommende wurden falt de n wei en wurdt it fokaal nasalearre:
- gâns --> n wurdt net útsprutsen en de â wurdt nasalearre.
- oanstriid --> n wurdt net útsprutsen en de oa wurdt nasalearre.
Skaaimerken fan de nasalearring binne:
- Der is in gewoane fokaal + n + rûzer of l, r, j, w en u.
- De fokaal wurdt nasalearre
- De n ferdwynt
- De fokaal ferliest letteroan syn nasaliteit en wurdt soms rutsen.
Yn it fonetyske skrift wurdt de nasalearring mei in ~ boppe de oanbelangjende fokaal oanjûn.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it Frysk hat it proses fan de n-útfal him ôfspile yn likernôch de 5te oant de 10de iuw. Yn it Ingelsk wurde fokalen ek wol nasaal útsprutsen wêrby de n fuortfalt.
De Frânske taal hat dit fonologysk proses ek. Tink bygelyks mar oan restaurant dat in protte talen oernommen hawwe. Yn it Portugeesk, Bretonsk, Sineesk-Tibetaanske talen, Poalsk en Kasjûbysk wurde ek nasale fokalen brûkt.