Nanning Hendrik Bulthuis-museum

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Museum Nanning Hendrik Bulthuis wie oant desimber 2003 in museum yn it doarp Huzum. De dochter fan Bulthuis, Mien Bulthuis, hie dit museum yn de âlde doarpsstrjitte.

Nanning Hendrik Bulthuis (1885 - 1977) wie skipsbouwer yn Huzum. It bouwen en restauraasje fan boaten die hy efter syn hûs oan in feart dy't útkaam yn de Wurdumer Feart/Potmarge. Hy hie benammen nocht oan it houtfykwurk oan skeargongen, bedelbalken en roerlatten fan in rûnboaiem. Neist syn wurk snien hy ek bylden. Meastentiids waarden de bylden makke nei oanlieding fan foarfallen yn de maatskippij. De bylden binne dan ek in werjefte fan in lytse iuw sosjaal-kulturele skiednis. De eardere Stifting N.H. Bulthuis hat de kolleksje beskreaun, bewarre en gearstald yn it museum. Yn in skiphûs efter it museum lei de âldste tsjotter fan Nederlân 'De Stêdsflecht'. It skip is boud yn 1840 troch Auke van der Zee. De tsjotter krige in plakje yn it lytste skipfeartmuseum fan Nederlân yn de Nije Ljouwerter Jachthaven. Yn it nij te bouwen havenkantoar komt in eksposysjeromte mei û.o. in oantal skipsmodellen. De kolleksje houtfykwurk fan Nanning Hendrik Bulthuis krige in plakje yn it restaurearre Museum foar Tsjerklike Keunst yn de Warkumer Werendfridustsjerke. It werfark gie nei it museum Oold Ark yn de Makkingeaster mole.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]