Springe nei ynhâld

Nadezjda Mandelstam

Ut Wikipedy
Nadezjda Mandelstam
skriuwer
Nadezjda Mandelstam (1925)
Nadezjda Mandelstam (1925)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nadezjda Yakovlevna Mandelstam
nasjonaliteit Sovjet
berne 31 oktober 1899
berteplak Saratov
stoarn 29 desimber 1980
stjerplak Moskou
wurk
taal Russysk
sjenre autobiografy

Nadezjda Yakovlevna Mandelstam, famkesnamme Hazin, (Saratov, 31 oktober 1899 - Moskou, 29 desimber 1980) wie in Russysk dissidinte skriuwster en frou fan de dichter Osip Mandelstam.

Mandelstam waard grut yn in Joadske famylje yn Kiev, dêr't hja keunstskiednis studearre.

Yn 1921 troude hja mei Osip Mandelstam. Osip waard yn 1934 arrestearre en tegearre waarden sy ferballe, fanwegen syn epigram mei in foar Stalin misledigjende ynhâld.

Nei Osips twadde arrestaasje en ferstjerren yn in trochfierkamp yn 1938 liede hja in swalkjend bestean om oanhâlding foar te kommen; regelmjittich feroare hja fan adres en wurk. Hja seach it as har libbenstaak om Osip syn poëzij te bewarjen foar de neiteam.

Nei Stalins dea koe Mandelstam werom nei Moskou (1956) en publisearre se har twadielige memoires, yn 't earstoan allinne yn it Westen. De oantinkens binne in epyske analyse fan har libben en tige kritysk oer it ferfal fan de sovjetmoraal yn de 20er jierren fan de 20e iuw en dêrnei. De boeken jouwe ynsjoch yn de wize fan libjen fan dissidinte boargers yn it Ruslân ûnder Stalin.

Yn 1979 droech Mandelstam har Osip Mandelstam-argiven oer oan de Princeton University. Se stoar mei 81 jier.

  • Memoires (earste diel fan de memoires, yn it Ingelsk titele Hope against Hope), Amsterdam: Van Oorschot, 1971. ISBN 90-282-0260-9
  • Tweede boek (twadde diel fan de memoires, yn it Ingelsk titele Hope Abandoned), Amsterdam: Van Oorschot, 1973. ISBN 90-282-0288-9