Springe nei ynhâld

NCS-read

Ut Wikipedy
NCS-read
kleurkoördinaten
heksadesimaal #C40233
RGBª (rgb) (196, 2, 51)
CMYKº (cmyk) (0, 99, 74, 23)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

NCS-read is in kleur dy't beskôge wurdt as in tint fan read. It kin omskreaun wurde as in dûnkerreade of wynreade kleur.

By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is NCS-read in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch it mingen fan alle trije primêre kleuren (read, grien en blau). By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it in ek in tertiêre kleur, dy't yn teory produsearre wurdt troch de ferminging fan 'e primêre kleuren maginta, giel en syaan. Yn 'e praktyk wurdt lykwols swart brûkt ynstee fan syaan, om't dat bettere resultaten jout.

NCS-read makket diel út fan it Natural Color System (NCS), in kleursysteem dat benammen yn Skandinaavje in protte brûkt wurdt. Sadwaande is NCS-read de presize kleur read fan 'e flaggen fan Denemark en Grienlân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.