Myn Skip

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Myn Skip wie in iepenloftfoarstelling oer 100 jier skûtsjehistoarje yn muzyk, dûns, byld, teäter en ferhaal, dat yn septimber 2018 yn Earnewâld opfierd waard.

Doe’t de IFKS en SKS yn de oanrin nei Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 gjin inisjativen namen om de kultuerhistoarje fan de skûtsjes foar it fuotljocht te bringen waard dat oppikt troch Age Veldboom en Cathrienus Herrema en de Stichting Skûtsjemuseum De Stripe.

Yn de foarstelling, dy ’t acht kear spile waard, stie de skiednis fan it skûtsje Aebelina sintraal. Dit houten skûtsje dat boud wie by it skûtsjemuseum, waard yn 2009 te wetter litten oan It Wiid by Earnewâld. Dit skûtsje wie in replika fan it eardere skûtsje dat hûndert jier earder boud wie. De orizjinele Abelina waard boud as frachtskip, dêrnei waard it brûktas wenskip en noch letter waard it in wedstrydskip. By de foarstelling farden neist de Abelina it Earnewâldster SKS-skûtsje, IFKS-skûtsjes, sylpreammen en oare skippen mei. It stik gie net allinnich oer skûtsjes yn de simmer. As skûtsjes winterdeis ynferzen leine, fertsjinnen skippers wat by mei hurdriden, of brochten de mei sliden de molkbussen fan de boeren nei it fabryk.

Spilers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rezjy wie yn hannen fan Theo Smedes, dy ’t as rezjy-assisint fan Jos Thie meiwurke hie oan de produksje fan De Stormruiter. Fertellers by Myn Skip wiene de skûtsjeskippers Age Veldboom en Harmen Brouwer. Brouwer syn twillingbroer farde as skipper op it skûtsje fan It Hearrenfean. Harmen Brouwer spile earder yn it troch Smedes reisearre foarstelling Skippersbitter. Op in ponton spile de bigband Friesland mei Cathrienus Herrema op saksofoan. Herman Woltman komponearre de muzyk, de lietteksten fan Baukje Wytsma waarden songen troch Ella de Jong en Her man (gitaar), de koarsang waard ersoarge troch de Alde Gea Sjongers út Aldegea en De Pein. De rol fan froulju dy’t ‘yn de beage’ op it jaachpaad rûnen waard dûnse troch in dûnsteamteam út Drachten.

Myn Skip waard droegen troch de Earnewâldster ‘mien skip’, sa makken in soad frijwilligers fan it skûtsjemuseum bygelyks it dekor.

Wurdearring[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Age Veldboom en Cathrienus Herrema krigen yn desimber 2018 de Fryske Anjer fan it Fryske Prins Berhard Kultuerfûns. De priis waard op it Provinsjehûs útrikt troch Kommissaris fan de kening Arno Brok. De sjuery joech harren de priis ‘foar it stypjen fan de amateurkeunst op it mêd fan teäter, muzyk, skiednis en omtinken foar de natoer’. By de priis hearde it gedicht ‘Net te beteljen’ dat spesjaal foar de winners skreaun wie troch Eeltsje Hettinga.

Op 27 jannewaris 2019 sille bigband Friesland en Ella & Her man in konsert jaan yn teäter De Harmonie yn Ljouwert. Dan wurdt de foar Myn Skip skreaune muzyk nochris spile mei fideobylden der by.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: