De Stripe

Ut Wikipedy
Skûtsjemuseum De Stripe

De Stripe is in skûtsjemuseum yn Earnewâld, dat yn 1998 oprjochte is troch Age Veldboom.

It museum sit sûnt 1998 yn in neiboude âlde skipshellingloads op it bedriuweterrein. Der wurde rûnliedings jûn en besikers kinne te silen mei in skûtsje. In de smidte, de swurdmakkerij en de seilmakkerij rûkt it nei tar en taande seilen. Hjir fielt en rûkt men oan de tiid doe't fakmanskip mei in soad techniken en materialen nedich wienen om in skûtsje te bouwen. De rook fan tar en taande seilen, lykas it wie oan it begjin fan de 20e iuw op in skipshelling.

It museum hat in grutte kolleksje lûdsbannen mei de stimmen fan âlde skûtsjeskippers. Der kinne ek de âlde werfboeken fan skipsbouwer Eeltsje Holtrop van der Zee, Eeltsjebaas, ynsjoen wurde. Ek oan de rike histoarje fan it skûtsjesilen wurdt omtinken jûn.

Njonken it museum wurdt it houten skûtsje Aebelina boud (2008). Besikers kinne sa de bou fan it skûtsje folgje. Winterdeis is it museum ticht.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: