Springe nei ynhâld

Museum foar Ljochtkeunst

Ut Wikipedy
Museum foar Ljochtkeunst
Zentrum für internationale Lichtkunst
  museum
Museum foar Ljochtkeunst
Museum foar Ljochtkeunst
Lokaasje
lân Dútslân
DielsteatFlagge fan Noardryn-Westfalen Noardryn-Westfalen
RegioArnsberg
plakUnna
koördinaten51° 32′ N, 7° 41′ E
Algemiene gegevens
ôfkoartingZFIL
typeKeunstmuseum
wurkmêdLjochtkeunst
oprjochting2002
Arsjitektuer
namme gebouLindenbrauerei
type gebouFabryk
subtypeBierbrouwerij
Offisjele webside
lichtkunst-unna.de
Kaart
Museum foar Ljochtkeunst (Noardryn-Westfalen)
Museum foar Ljochtkeunst
Lokaasje yn Nedersaksen

It Museum foar Ljochtkeunst, oprjochte yn 2001, is fêstige yn it Dútske stedsje Unna, yn Noardryn-Westfalen.

Unna is fanâlds bekend om syn swiere yndustry. No is it ien fan de bjusterbaarlike hichtepunt fan it Ruhrgebiet als kulturele haadstêd fan Europa. It hjit it Zentrum für Internationale Lichtkunst en is te finen op sa'n 10 meter ûnder it hjoeddeiske gemeentehûs fan Unna. Yn in âlde bierbrouwerij fan Linden yn noardwest-Dútslân toane tolve fan de meast ynternasjoaal bekende keunstners harren wurk. Yn de eardere kuolkelders wurdt innovative keunst toand yn in wikseljende gearstalling. De donkere kelders foarmje in mysterieuze eftergrûn. Yn de labyrintyske romtes toane keunstners as James Turrell en Joseph Kosuth harren keunstljocht.Elke keamer docht in berop op de sintugen op in oare wize, itsij troch ljocht, itsij troch sketterjende neonljochten, stroboskoopljocht, skaden of wetter.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: