Springe nei ynhâld

It Tsiispakhûs

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Museum It Tsiispakhûs)
De Boalserter Feart yn Wommels, mei yn 'e fierte rjochts museum It Tsiispakhûs.

Suvelmuseum It Tsiispakhûs, eartiids yn it teken fan de 'Striid tsjin it wetter', sit yn in earder tsiispakhûs mei de status fan ryksmonumint oan it Ald Hiem yn Wommels, dat datearret fan 1905. Yn de 20e iuw wie der in soad tsiishannel yn Wommels. Yn dit âlde pakhûs stiet in baskule mei stimpels, in mûnsterkiste en in lessener.

De terpetiid stiet sintraal op de ûnderste ferdjipping. De earste terpen waarden om 500 foar Kristus opsmiten. Nei de komst fan de diken om 1200 hinne waarden se, benammen yn de 19e en iere 20e iuw, wer ôfgroeven. De fruchtbere grûn waard doe op de sângrûnen brocht.
Yn fitrines stean fynsten opsteld dy't om Wommels hinne dien binne. De Middelsee mei syn hege en lege wetterstannen is útbylde middels in makette.
Oan de muorren hingje tekeningen fan de Slachte, dy't om 1983 hinne makke binne foar in tentoanstelling yn it 't Coopmanshûs yn Frjentsjer.

Behalven it museum sit yn itselde gebou ek Ferloskundigepraktyk Swanneblom, dy't yn 2009 oprjochte waard en op 13 maart 2020 nei it Tsiispakhûs ferhuze. Dêr kaam er yn it plak fan in toskedokterspraktyk.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bokma, Hinne, Verloskundigenpraktijk opent echocentrum, yn: Op 'e Skille, 18 febrewaris 2020, s. 1.