Mosken (band)
Mosken | ||
band | ||
Byldmateriaal ûntbrekt | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
sjongtaal | Frysk, Nederlânsk | |
bestean | 2015 | |
prizen | Aaipop 2016 Liet 2020 | |
webside | mosken.nl | |
leden | ||
Bert Steeman | ||
Sjoerd van Kammen |
Mosken is in Frysk sjongduo fan De Jouwer.
Mosken bestie sûnt 2015 út Bert Steeman en Sjoerd van Kammen. Bert komt fan 'e Jouwer en Sjoerd fan Mosken. Beide muzikanten spilen earder ûnder oare yn Brückenbauer en (foarhinne) Garments. Sjonger Steeman wurdt begeliede troch dan wer piano, dan wer ukelele of gitaar. It twatal sjongt sûnt 2015 Fryske ferskes wêrûnder Els en Wim. It twatal wurdt bytiden útwreide ta de Mosken Band mei Marty de Vries, Joop Visser en Jelte Rypkema.
Yn febrewaris 2016 wiene se ien fan de beide winners fan Aaipop. Dêrom mochten se meidwaan op Aaipop 2017. Mosken waard letter útwreide mei bassist Ronald van den Oudenalder.
Yn 2020 kaam dit trio yn de finale fan Liet de sjuerypriis mei Leave Lieve. Neidat de finale dat jier net troch gie, wûn de groep in jier letter de finale fan 2020+1 mei Leave, Lieve. Oare bekende nûmers binne Amearika en De kening fan Tsjalbert.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |