Monnikenhuize
Monnikenhuize Vitesse Stadion | ||
stadion | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Gelderlân | |
plak | Arnhim | |
algemiene ynformaasje | ||
type | fuotbalstadion | |
teams | Vitesse | |
kapasiteit | 7.500 | |
type oerflak | gers | |
bou | ||
iepening | 1915 | |
sloopt | 1950 | |
kaart | ||
Monnikenhuize wie tusken 1915 en 1950 it stadion fan fuotbalklub Vitesse. It stadion stie oan de krúsing fan de Monnikensteeg en de Rosendaalseweg. It stadion hie syn namme te tankjen oan in kleaster dat flakby stien hie. De iepening fan Monnikenhuize wie op 26 septimber 1915. Vitesse spile dy dei tsjin de Noordelijke Zwaluwen (3 – 3). By de Olympyske Simmerspullen 1928 yn Amsterdam wie Monnikenhuize it stadion dêr't Sily en Meksiko tsjininoar spilen yn de treastfinale.
It stadion bea plak oan likernôch 7500 taskôgers, mar by belangrike wedstriden waarden der needtribunes pleatst. Sa koene bygelyks op 10 april 1950 goed 12.000 taskôgers tsjûge wêze fan de promoasjewedstriid fan Vitesse tsjin Rheden. Vitesse wûn de wedstriid trouwens mei 3 - 2.
Fanwegen de Slach om Arnhim yn septimber 1944 hjitte de Dútske Wehrmacht de boargers fan Arnhim om harren stêd te ferlitten. Fan it Stadion Monnikenhuize bleau net in protte oer en flak nei de befrijing baarnde it kluphûs ek noch ôf. De skea waard yn de jierren nei de befrijing wersteld, mar yn 1948 beslút de gemeenteried in nij stadion foar Vitesse te bouwen.Yn 'e simmer fan 1950 naam Vitesse nei hast 35 jier ôfskied fan Monnikenhuize. De klup ferhuze nei stadion Nieuw-Monnikenhuize in pear hûndert meter fierder op. Op it terrein fan Monnikenhuize kaam in fersoargingshûs.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|