Oerd (skip út 1985)
Oerd | ||
De Oerd as de Monnik | ||
algemiene ynformaasje | ||
flagge | Nederlân | |
thúshaven | Skiermûntseach | |
eigner | Wagenborg | |
oare namme(n) | Monnik (Sûnt 2003) | |
skiednis | ||
kyllizzing | 2 juny 1984 | |
tewetterlitting | 27 april 1985 | |
oplevere | 18 juny 1985 | |
yn de feart | 28 juny 1985 | |
status | Yn tsjinst | |
bysûnderheden en sifers | ||
type | Fearboat | |
subtype | RoRo | |
lingte | 58 m. | |
breedte | 13,8 m. | |
djipgong | 1,6 m. | |
passazjiers | 1000 | |
oandriuwing | 2 x MaK 6M282AK, 1628 PK ~ 1158 kW, 2x schroef | |
maks. faasje | 10,8 knopen (20 km/o) |
De Oerd is in skip fan rederij Wagenborg en waard fanôf 1985 oant en mei 2003 brûkt foar de feartsjinsten tusken Holwert en It Amelân. Yn 2003 kaam de nije Oerd yn tsjinst en waard it skip omdoopt ta Monnik, Sûnt 2003 fart it skip op de rûte Skiermûntseach en Lauwerseach. As ferfanger fan de Brakzand. Dy't ferkocht waard nei Nikaragûa.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skip is yn 1985 boud, yn opdracht fan rederij Wagenborg. Op 28 juny 1985 kaam it skip ûnder de namme Oerd yn tsjinst by de rederij. It waard ynset op de rûte Holwert - It Amelân en fierde dizze feartsjinst 18 jier lang út, werfan tsien jier tegearre mei it susterskip Sier.
Nei de oanskaf fan dy twa (hast) identike skippen koe de rest fan de float ferkocht wurde of ynset wurde op de rûte Lauwerseach-Skiermûntseach. It skip Maria Louise waard ferkocht oan rederij T. den Breejen te Sieriksee. De skippen Prins Willem IV en Prinses Anna waarden ynset op de rûte Lauwerseach-Skiermûntseach, en waarden omdoopt ta Brakzand, en respektyflik Simonszand.
Yn 2003 waard troch Wagenborg in nij skip yn tsjinst naam, opnij mei as namme Oerd. Dat wie in susterskip fan 'e yn 1994 boude Sier. It nije skip hie in kapasiteit fan 1200 passazjiers en 72 persoane-auto's. De earste Oerd waard no omdoopt ta Monnik en waard oerpleatst nei de rûte Lauwerseach-Skiermûntseach. En waard hjirmei wer byinoar brocht mei har susterskip.
Yn 2013 is it skip yngripend ferboud by Koninklijke Niestern Sander yn Delfsyl. It skip krige ûnder oaren in nije stjoerhut. Yn 2022 hat de Monnik wer in skofke fart tusken it Amelân en Holwert om't de Sier skea oprûn hie by in brân de masinekeamer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|