Moetingstsjerke (Mearum)
Moetingstsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Westerkertier | |
plak | Mearum | |
adres | Krússtrjitte | |
koördinaten | 53° 08' N 6° 16' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Eldering en Meerholts | |
boujier | 1926 | |
Webside | ||
Side tsjerklike gemeente | ||
Kaart | ||
De Moetingstsjerke (Ontmoetingskerk) oan 'e Krúswei yn Mearum (Grinslân) wie in grifformearde tsjerke en is tsjintwurdich ien fan 'e tsjerken fan 'e protestanske gemeente Mearum-Noardwyk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard boud foar de grifformearde gemeente fan Mearum, dy't op 12 april 1852 troch dûmny T.F. de Haan ynstituearre wie. Yn dat jier waard in earste tsjerke foar de fan 'e Nederlânsk Herfoarme Tsjerke ôfskieden gemeente boud. De gemeente woeks yn ledetal hurd en al rillegau wie de gemeente oan in nije tsjerke ta. Yn 1926 waard de hjoeddeiske krústsjerke yn gebrûk nommen op in lokaasje, dy't skeef efter de earste tsjerke leit. Nei't de nijbou op 30 desimber 1926 yn gebrûk nommen waard, is de earste tsjerke ôfbrutsen.
Op 15 septimber 2013 ûntstie nei in lang proses út de Herfoarme gemeente Mearum-Noardwyk en de Grifformearde tsjerke fan Mearum de protestantske gemeente Mearum-Noardwyk. De eardere Grifformearde tsjerke is it plak dêr't de protestanske gemeente alle sneinen byinoar komt.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel waard yn 1962 boud troch Ernst Leeflang út Apeldoarn. Nei in restauraasje is it oargel op 1 july 2000 wer yn gebrûk nommen.[1]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|