Springe nei ynhâld

Moederkerk (George)

Ut Wikipedy
Memmetsjerke

Moederkerk

bouwurk
lokaasje
lân Súd-Afrika
plak George
adres Courtenaystrjitte
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1830-1842
offisjele webside
www.caw.org.za

De Moederkerk (Memmetsjerke) is de tsjerke fan de Nederdútsk-grifformearde mienskip yn de Súd-Afrikaanske stêd George (provinsje West Kaap).

De hoekstien fan de krústsjerke waard troch dûmny Johan Ballot op 14 april 1832 lein. It wurk stie ûnder lieding fan opsichter C.W. Visser, dy't tegearre mei in trijetal slavemitselders mei in tradisjonele oksewein út Kaapstêd helle wurde moast.

Foar de bou fan de tsjerke wiene 1800 frachten boumaterjaal nedich, de bakstienen dy't troch de gemeente sels makke waarden noch net meirekkene. De bosken út de omkriten en út Knysna en fan de Pletteberchbaai leveren it nedige giel- en stinkhout foar de houten ynrjochting fan de tsjerke.

De bou naam tolve jier yn beslach en op snein 9 oktober 1842 waard de tsjerke plechtich troch dûmny Ballot ynwijd. Yn april 1873 krige de tsjerke in houten flier en yn 1880 waard it oarspronklik reiten tek fan de tsjerke troch in laaien tek ferfongen. It hjoeddeiske oargel waard yn 1879 troch de Ingelske oargelmakker William Hill & Son boud en troch sechtjin gemeenteleden skonken. It stie oarspronklik yn it eastlike dwersskip, mar ferhuze mei de bou fan in kreake yn 1917 nei it tsjintwurdige plak efter de preekstoel.

Koart nei in grutte renovaasje yn 1904 stoarte op 13 septimber 1905 de toer fan de tsjerke yn. De rein dy't yn de rin fan de tiid tidens it iepenstean fan ramen nei binne dreau, feroarsake sûnder dat immen eat ealge rottend hout en swakke muorren. Doe't it in pear dagen earder begûn te reinen dat it stjalpe en op 13 septimber al 10 sentimeter fallen wie hold de toer it net mear. Al gau folge de rekonstruksje fan de toer en yn 1906 wie it wurk foltôge. Ut deselde tiid datearret ek de tsjintwurdige liedklok.

Foar it lêst wie der in restauraasje yn 1964.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: