Moalstokje
moalstokje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Ambrosia artemisiifolia | ||||||||||||
Linnaeus, 1753 | ||||||||||||
It moalstokje (Ambrosia artemisiifolia), ek wol bekend as alsemambrosia, is in ienjierrige plant, dy't heart ta de famylje fan 'e hynsteblomplanten (Compositae of Asteraceae). De plant komt út Noard-Amearika en is yn Nederlân op in soad plakken ynboargere (komt advintyf foar). Ambrosia is it Grykske wurd foar 'fiedsel foar de goaden', wêrtroch't se ivich libben. De plant skiedt de stof koronopiline út, dy't de groei fan oare planten yn de omjouwing behindert.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De plant wurdt 20-100 sm heech. De blêden binne meastal dûbelfearre, soms inkelfearre.
It moalstokje bloeit yn septimber en oktober mei ienslachtige, ± 3 mm grutte, holtsjes. De kopkes sitte yn in ier. Der sitte gjin strieskobben yn de kopkes en in pappus ûntbrekt. De klokfoarmige manlike kopkes hingje nei ûnderen en hawwe keale of in bytsje behierre, fergroeide omwynselblêden. De griis-wite, froulike kopkes binne ienblommich en hawwe twa aaifoarmige skutblêden. De blommen sitten net botte opfallend yn de blêdoksels ûnder de manlike blomkopkes. De brune frucht is in nútsje sûnder fruchtplús en hat de foarm fan in pylkpunt. It nútsje hat in heech oaljegehalte. It omwynsel om it nútsje hat fiif oant sân priemfoarmige stikels, dy't útrinne yn in lange snaffel. It fruchtsje heakket troch de priemfoarmige stikels yn de facht fan bisten en wurdt sa ferspriede.
Allergy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It stomoal jout in heftige heakoartsreaksje, krektas it oanreitsjen fan de bloeiwize. Yn Nederlân fine ûndersikers de lêste jierren in sterke groei fan it oantal ambrosiapollen yn de loft. De lette bloei fan de plant, yn septimber en oktober, ferlinget it heakoartsseizoen mei twa moannen. By in waarme simmer folge troch in waarme hjerst kin de plant hieltiten better yn Europa dije. Dizze woekerjende plant driget in grutte kweadogger te wurden as de no bekende fersprieders fan pollen. Per plant kin oant in miljard pollen ferspriede wurde, wêrby't de allergyske wurking fan de pollen inkele kearen sterker is as dy fan gers, de oant op 't heden grutste oarsaak fan pollenallergy yn Nederlân.
Ymport yn Europa
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De plant komt rjochting de lege lannen troch benammen ymport fan hinnen- en fûgelfoer en fetbollen, dêr't ek de siedden fan it moalstokje tusken sitte. Yn Dútslân is it wyls by wet ferbean dit foer te ymportearjen as de siedden fan it moalstokje der net úthelle binne. Yn Switserlân, Eastenryk en Hongarije is it sels ferbean de plant yn de tún te hawwen en it is foarskreaun om dizze der út te heljen. Hjirby wurdt oanret:
- by it weiheljen wanten te brûken;
- it lof net yn de GFT-kontener te dwaan mar yn de smoargenskontener, sadat itt ferbaarnd wurdt.
De eksplosive fersprieding fan de plant hat it omtinken fan it Ministearje fan Lânbou, Natoer en Fiedselkwaliteit.[1]
Yn oktober 2006 binne nei in oprop fan it radioprogramma Vroege Vogels 160 meldingen fan moalstokjes yn Nederlân samle.
Nammen yn oare talen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ingelsk Common ragweed
- Dútsk: Beifußblättriges Traubenkraut, ook Beifuß-Ambrosie
- Frânsk: Ambroisie à feuilles d'armoise
- Sweedsk: Malörtsambrosia
- Deensk: Bynke-Ambrosie
- Hongaarsk: Ürömlevelű parlagfű
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Resinte waarnimmings op Waarneming.nl, mei beskriuwing en foto's.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Plantesoarte
- Hynsteblom (famylje)
- Hynsteblomeftige
- Lânseigen floara yn Kanada
- Lânseigen floara yn de Feriene Steaten
- Lânseigen floara yn Alaska
- Lânseigen floara yn Kuba
- Lânseigen floara yn Jamaika
- Lânseigen floara yn de Kaaimaneilannen
- Lânseigen floara yn de Dominikaanske Republyk
- Lânseigen floara yn Haïty
- Lânseigen floara yn Argentynje
- Lânseigen floara yn Sily
- Lânseigen floara yn Paraguay
- Lânseigen floara yn Oerûguay
- Lânseigen floara yn Bolivia
- Lânseigen floara yn Perû
- Lânseigen floara yn Brazylje
- Eksoat yn Albaanje
- Eksoat yn Algerije
- Eksoat yn Andorra
- Eksoat yn Austraalje
- Eksoat yn Belgje
- Eksoat yn Bosnje
- Eksoat yn Bulgarije
- Eksoat yn de Azoaren
- Eksoat yn de Kanaryske Eilannen
- Eksoat yn de Oekraïne
- Eksoat yn Denemark
- Eksoat yn Dútslân
- Eksoat yn Eastenryk
- Eksoat yn Fatikaanstêd
- Eksoat yn Frankryk
- Eksoat yn Fryslân
- Eksoat yn Grikelân
- Eksoat yn Hawaï
- Eksoat yn Hongarije
- Eksoat yn Itaalje
- Eksoat yn Japan
- Eksoat yn Jeropeesk Ruslân
- Eksoat yn Kaapverdje
- Eksoat yn Kazachstan
- Eksoat yn Kirgyzje
- Eksoat yn Kosovo
- Eksoat yn Kroaasje
- Eksoat yn Lúksemboarch (lân)
- Eksoat yn Lychtenstein
- Eksoat yn Madeara
- Eksoat yn Marokko
- Eksoat yn Moldaavje
- Eksoat yn Monako
- Eksoat yn Montenegro
- Eksoat yn Nederlân
- Eksoat yn Nij-Seelân
- Eksoat yn Noard-Koreä
- Eksoat yn Noard-Masedoanje
- Eksoat yn Oezbekistan
- Eksoat yn Poalen
- Eksoat yn Portegal
- Eksoat yn Roemeenje
- Eksoat yn San Marino
- Eksoat yn Servje
- Eksoat yn Sibearje
- Eksoat yn Sina
- Eksoat yn Sloveenje
- Eksoat yn Slowakije
- Eksoat yn Spanje
- Eksoat yn Súd-Afrika
- Eksoat yn Súd-Koreä
- Eksoat yn Switserlân
- Eksoat yn Tadzjikistan
- Eksoat yn Tsjechje
- Eksoat yn Tuneezje
- Eksoat yn Turkije
- Eksoat yn Wyt-Ruslân
- Eksoat yn Yndia