Springe nei ynhâld

Miuwfûgels

Ut Wikipedy
Miuwfûgels
Lytse sjouwerman (Larus fuscus)
Lytse sjouwerman (Larus fuscus)
Taksonomy
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
skift: wilstereftigen (Charadriiformes)
ûnderskift: miuwen en sibben (Lari)
famylje: seefûgels (Laridae)
ûnderfamylje: miuwfûgels (Larinae)
Bonaparte, 1831

De miuwfûgels (Larinae) binne in ûnderfamylje fan seefûgels út de famylje fan de seefûgels (Laridae). Oant likernôch 2007 wurden miuwfûgels, de stirnzen en de skimkerfûgels as aparte famyljes sjoen, mar no binne it as ûnderfamyljes yn deselde famylje fan de Laridae rekkene. De skraitsen en de alken binne aparte famyljes njoggen de miuwfûgels.

De miuwfûgels binne middelgrutte ta grutte wite en/of grize fûgels, mei stevige snaffels en poaten mei swimfluesen. De kop is faak swart of krekt hielendal wyt. De lytste soarte is de lytse miuw fan sa’n 29 cm en 120 g, de grutste de grutte sjouwerman mei sa’n 76 cm en 1,75 kg.

De miuwfûgels komme oer de hiele wrâld foar, ek yn de arktyske en antarktyske gebieten. De measte soarten libje tichtby de kust of yn it binnenlân. Allienich de winterkobben libje op de iepen oseaan.

De measte miuwfûgels binne fleisiters: fisken, krabben, skaaldieren, en ek wol aaien en lytse fugels. Ferskate soarten binne ek iesiters, en bygelyks de sulvermiuw en de kob helje soms in hiel part fan harren fiedsel út jiskefetten en jiskebulten, en kinne yn steden in pleach wurde. De miuwfûgels libje en briede in grutte koloanjes. Se lizze twa of trije spikkelde aaien in nesten fan plantemateriaal op de grûn. De fûgels wurde nei twa jier (foar de lytsere soarten) ta fjouwer jier (de gruttere soarten) folwoeksen. De miuwfûgelsoarten kinne âld wurde, ta 49 jier yn in inkeld gefal foar de sulvermiuw.

Ta likernoch 2000 waarden hast alle miuwfûgelsoaarten yn it skaai Larus yndield, maar ûndersiik liet sjen dat dit skaai polyfyletysk is, d.w.s. dat de lêste mienskiplike foarâlde fan alle soarten net ta itselde skaai hearde. Dêrom binne de soarten no oer ferskate skaaien ferdield.

De ûnderfamylje fan de miuwfûgels (Larinae) omfet foljende skaaien en soarten:

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]