Springe nei ynhâld

Mischa Blok

Ut Wikipedy
Mischa Blok
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme berne: Eun Hye Park
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 15 july 1975
berteplak Seoel
etnisiteit Koreaansk
wurkpaad
wurksum as radiopresintator, ferslachjouwer en dokumintêremakker.
medium radio, podcast
bekend fan Radar Radio, BNR Nieuwsradio, NPO Radio 1
jierren aktyf 2003 - no
offisjele webside
Hiemside
(in) IMDb-profyl

Mischa Blok (Seoul, Súd-Koreä, 15 july 1975) is in Nederlânske radiopresintator, skriuwer, ferslachjouwer en dokumintêremakker.

Blok waard as Eun Hye Park berne yn Súd-Koreä. Har âlden skieden en se waard de earste twa jier grutbrocht troch har beppe en heit. Dêrnei brocht har heit har doe't se twa jier wie nei in bernetehûs yn Suwon doe't er in nije frou krige en hja swier wie. Koart dêrnei waard se op har tredde adoptearre troch in Nederlânsk pear en groeide op yn Hendrik-Ido-Ambacht.

Blok makke yn 2005 in radiodokumintêre oer har adopsje en syktocht nei har biologyske âlden, mei de titel Meneer Park. Yn 2023 ferskynde har boek Mama Lee, in syktocht nei har Koreaanske mem, nei de wierheid en nei leafde sûnder betingsten.

Blok begûn har radiokarriêre yn 2003 by de stjoerder Dolfijn FM op Kurasau, dêr't se it nijs lies en in datingshow presintearre. Werom yn Nederlân wurke se in skoft as nijslêzer foar it ANP en BNR Nieuwsradio. Sûnt 2010 is se by NPO Radio 1 wurksum as einredakteur, ferslachjouwer en presintator.

Op NPO Radio 1 presintearre se fan 2017 oant 2019 it programma Radar Radio foar AVROTROS. Op de Olympyske Winterspullen 2018 yn Súd-Koreä makke Blok in fyftjintal reportaazjes foar NPO Radio 1 oer de Súd-Koreaanske kultuer ûnder de namme Mischa Says Hi! Yn de simmeredysje fan 2017 die Blok mei oan it telefyzjeprogramma De Slimste Mens. Se helle de finale en waard úteinlik twadde.

Nei't Radar Radio ophold te bestean, presintearre se in nachtprogramma mei de namme Miss Podcast; earst alle nachten en sûnt de simmer fan 2021 ien nacht yn de wike. Boppedat wie fan 2020 ôf de podcast Vink, dy't se tusken maart 2019 en maart 2021 mei Vincent Bijlo en Stan Putman makke, op itselde tiidslot yn de nacht fan freed op sneon te hearren. Mei yngong fan 1 maart 2021 folge se Dionne Stax op en presintearre se tegearre mei Toine van Peperstraten it programma Blok & Toine (foarhinne Stax & Toine). Fan 1 jannewaris 2022 ôf is se op NPO Radio 1 te hearren yn it ynterviewprogramma Mischa!, wêryn't se in oere lang in petear hatt mei in gast. Yn de simmer fan 2022 presintearre se tegearre mei Toine van Peperstraten de Ochtendshow op Veronica.

Njonken har radiowurk is Mischa Blok podcastmakker en makke se ûnder oare de podcast Liefdeslessen [ 8 ] en EXEN, de podcast. [ 9 ] Yn 2021 wie Blok ferslachjouwer foar it programma Opium op Oerol. Yn juny 2022 die hja mei oan kenniskwis The Connection. Se helle it tredde plak.

Blok is skieden en hat in dochter en in soan.

  • Mama Lee (2023, Meulenhoff, Amsterdam)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen, noaten en referinsjes sjoch nl:Mischa Blok